Olympysk biatleet mei Fryske roots: pake en beppe Heidinga hippe mei foar de tv

It olympyske biatlon is yn Nederlân gjin bekende sport, mar der docht wol in sporter mei dy't Fryske roots hat: Jules Burnotte. Pake en beppe Heidinga sitte op it puntsje fan de stoel as pakesizzer Jules yn aksje komt
Jules Burnotte (argyffoto) © ANP
"Ik bin sa grutsk as in pau", seit Martinus Heidinga út Ljouwert oer syn pakesizzer Jules Burnotte. It is de soan fan syn dochter, dy't yn it Kanadeeske Quebec wennet. Foar dat lân komt Burnotte út op de Olympyske Spelen.
Ik sit dan te hippen op 'e stoel.
Pake Martinus Heidinga
Ofrûne tiisdei kaam de 25-jierrige Burnotte foar it earst yn aksje op de biatlon, de sport dy't eins in kombinaasje is tusken it sjitten en langlaufen. Op de 20 kilometer yndividueel waard Burnotte 36e. "Ik sit dan te hippen op 'e stoel", fertelt Heidinga.
In oersjoch fan it biatlonparkoers yn Peking © ANP
It sjitgedeelte is it spannendste, want missjitte kostet punten. Tiisdei hat Burnottede sjitskiif trije kear net reitsje kinnen, mar neffens Heidinga ha in soad biatlonners dat. "Mar as je by de earste 40 komme, fynt eltsenien je al hiel goed."

'Traine' yn Fryslân

It sukses fan Burnotte is ek in lyts bytsje oan Fryslân te tanken: in pear wiken lyn hat er noch in wike út fan hûs west by syn pake en beppe. "De sporters binne hjir de hiele winter yn Europa. Se krigen in wike frij foar de krystdagen en moasten 9 jannewaris wer nei Italië ta", seit Heidinga. "Doe sei Jules: ik kom in wike by jimme del."
Martinus Heidinga oer syn pakesizzer op de Olympyske Spelen
It trainen moast fansels wol trochgean, mar dêr woe syn pake him graach by helpe. "Hy gie 15 kilometer te hurdrinnen, en dan gie ik mei op de fyts."

'Lykas by de Alvestêdetocht'

Snein komt Burnotte wer yn aksje op de Biatlon. Heidinga sil der lyk foar sitten gean, mar hy is der net wis fan oft der syn pakesizzer op telefyzje sjen kin.
Jules Burnotte (argyffoto) © ANP
"It is krekt as by de Alvestêdetocht: allinne de kampioenen komme yn byld", seit Heidinga. "It moat mar tafallich sa útkomme. Mar as er wol yn byld is, dan is it skitterjend."