FIDEO: Tsjerketsjinst út De Paadwizer yn Balk

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst út mei in oekumenysk karakter. Dizze snein wie it yn De Paadwizer yn Balk. De tsjinst waard fersoarge troch de katolike Sint-Ludgerustsjerke fan Balk.
It tema fan de tsjinst wie earmoed, lok en sinjouwing. Foargonger wie Cees Buisman. Ernst Paul Fuchs spile piano en muzikale meiwurking wie der fan Marco en Rixt Rypma.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst.