Liveblog | 13 febrewaris

'RIVM hold rekken mei katastrofale ympakt corona' | Lanlik 60.227 besmettingen

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne snein 3.317 nije coronabesmettingen registrearre yn Fryslân, sân sikehûsopnames;
  • Yn Den Haag wurdt troch Nederland in Verzet protestearre tsjin de coronaregels;
  • Der lizze 1.303 minsken mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen;
  • It kabinet wol de coronaregels ferromje fan kommende wike freed ôf.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 13 febrewaris, 17:40
snein 13 febrewaris
17:06

NOS: "RIVM hold al foar earste coronabesmetting rekken mei tûzenen deaden"

De NOS meldt dat it RIVM yn febrewaris 2020, noch foar de earste coronabesmetting yn Nederlân, al rekken hold mei tsientûzenen coronadeaden. De NOS hat tegearre mei ferskeidene oare media tûzenen dokuminten opfrege fia in Wob-fersyk.

'Katastrofale bedriging'

Op 9 febrewaris 2020 wienen der foar it earst grutte soargen by it RIVM. In 'responsteam' meldt dan dat de corona-epidemy in katastrofale bedriging foar de nasjonale feilichheid is. In pear dagen letter is dy bedriging fierder útwurke. "Worst case scenario: 6x zo erg als de seizoensinfluenza qua aantal doden."
Op dat stuit waard der al rekken holden mei it feit dat de sikehûzen mooglik ûnder grutte druk te stean komme soenen. Ut de iepenbier makke stikken docht ûnder mear bliken dat der minsken wienen dy't oantrunen op it ynkeapjen fan soerstof en medikaasje.

Alaarmbellen

Op 14 febrewaris wurdt op it Twitteraccount fan it RIVM lykwols in filmke dield mei dêryn Aura Timen fan it RIVM dy't seit: "Op dit moment is er geen reden om je zorgen te maken om het coronavirus." Dat wylst yntern sawat alle alaarmbellen al ôfgienen.
Nei de bûtenwrâld ta meldt Jaap van Dissel fan it RIVM op 24 febrewaris dat Nederlân alles sil besykje om it firus sa folle as mooglik yn te damjen en ôf te remjen, mar in direksjelid fan it RIVM is yn ynterne kommunikaasje in stik minder posityf: "Het is te complex en te groot. Wij als samenleving moeten het oplossen."
Bruno Bruins, dy't doe minister fan Folkssûnens wie, besiket op 27 febrewaris yn it televyzjeprogramma Feiten en Fabels net te bot panyk oan te wakkerjen. Yn de útstjoering makket Bruins bekend dat in earste Nederlanner besmet is mei it coronafirus.
Dêrnei giet it fluch en noch gjin twa wiken letter binne der alderhande coronamaatregels fan krêft.
15:21

3.317 nije coronabesmettingen, lanlik 60.227

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren 3.317 nije coronabesmettingen yn Fryslân registrearre by it RIVM. Sneon wienen it der noch 3.770. Der binne sân Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs.
Lanlik giet it om 60.227 nije besmettingen. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 122.482.
14:33

1.303 coronapasjinten yn de sikehûzen

Der lizze snein 1.303 pasjinten mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen. Dat binne der acht mear as sneon. Der lizze no 179 coronapasjinten op de ic's, trije mear as sneon.
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
11:19

Frachtweinen meie sintrum Den Haag net yn

De frachtweinen dy't by it stadion fan ADO Den Haag parkeard stienen, meie dochs net it sintrum fan Den Haag yn. Dat meldt de NOS. De demonstranten meie wol sûnder harren weinen nei de stêd. Ek meie se mei de weinen nei in oar plak of nei hûs ta ride.
De truckers sels fine dat se 'gizele' wurde. "We worden tegen onze wil ingesloten", stie yn in berjocht op it Telegramkanaal fan Convoy Nederland. Dit kloppet neffens de plysje net: dy seit dat de demonstranten sels de hikken tichtdien hawwe.
10:45

Truckers nei Malieveld

De frachtweinen en trekkers dy't ôfrûne nacht by it stadion fan ADO Den Haag parkeard stienen, meie harren oanslute by de demonstraasje letter snein op it Malieveld. De truckers stienen ynsletten troch de plysje.
Sneon wie der ek al in demonstraasje yn Den Haag. It 'Freedom Convoy' soarge der doe foar dat it ferkear yn de stêd hielendal fêstrûn. De truckers sille no meidwaan oan in demonstraasje fan Nederland in Verzet tsjin de coronamaatregels. De organisaasje ferwachtet dat der sa'n 25.000 minsken op ôfkomme sille.
09:27

Gjin grutte ynsidinten by 'De Nacht staat op'

De protestaksje fan de nachthoareka sneontejûn is rêstich ferrûn. Under de namme 'De nacht staat op' iepenen meardere nachtklups harren doarren út protest tsjin it coronabelied. Yn guon gemeenten waard der warskôge foar boetes en dêrom bleaunen guon saken dochs ticht.
Yn Tilburg waard in boete fan 10.000 euro útdield oan in poppoadium. Yn Utert krigen tsien saken in warskôging.
© ANP
sneon 12 febrewaris
07:00

Wolkom

Wolkom by it liveblog fan snein 13 febrewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.