De dupe fan it lienstelsel: “Het wordt je ontnomen te starten zoals je ouders konden"

Sy fiele har dumpt en net serieus naam. De studinten ûnder it lienstelsel foarmje de 'pechgeneratie' dy't mei tsientûzenen euro's stúdzjeskuld mei it wurkjende libben úteinsette.
Yannick Bults © Omrop Fryslân
Sy lykje de dupe te wurden fan it beslút dat it kabinet yn 2015 makke troch de basisbeurs te ferfangen foar it lienstelsel.

Op keamers yn Ljouwert

"We voelen ons in een hoekje gedumpt, los het maar op, pech, succes ermee. We zijn potverdorie zo'n beetje het meest welvarende land ter wereld en dan gaan we zo om met de generatie die straks ons land moet gaan dragen. Ik snap het ook gewoon niet", seit Yannick Bults.
Hy is treddejiers bestjoerskundestudint oan NHL Stenden. Yannick komt út Assen, mar wennet op himsels yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Marten Algra hat noch gjin keamer yn Ljouwert fûn. Hy studearret ek bestjoerskunde en sit no yn syn earste jier. It lienstelsel hat Marten net tsjinholden om te studearjen: "Ik wilde gewoon hbo doen, dus dan moet ik wel. Maar het heeft er wel voor gezorgd dat ik in Leeuwarden ben gaan studeren, omdat het dichterbij huis is."

Krappe wenningmerk

Marten wennet by syn âlden yn Steenwijk. De prizen foar in keamer binne heech en der is troch de wenningkrapte net folle oanbod. Neffens Yannick komt it troch corona dat in soad studinten net oan it ôfstudearjen begjinne of in staazje dogge en dêrtroch langer op keamers wenje.

Mear as 35.000 euro skuld

Yannick lient maksimaal by om syn keamer, skoaljild, boadskippen en sport betelje te kinnen. Hy ferwachtet nei fjouwer jier in skuld te hawwen fan sa'n 35.000 oant 40.000 euro.
Marten lient ek by. Dat komt foar in part om't hy troch corona net yn de nachthoareka wurkje kin, mar dochs wol wêr't it kin in bierke drinke wol. "Je wilt toch wel sociaal doen en uitgaan, dus ook ik bouw langzamerhand schulden op, ook al woon ik nog thuis", sa seit er.
Ik betaal liever een euro meer voor een broodje in de kantine, dan dat ik een schuld heb. Dan neem ik wel wat van huis mee.
Marten Algra
De drege wenningmerk en de coronakrisis meitsje it libben fan de lienstelselstudinten net makliker. Yannick en Marten binne teloarsteld yn de polityk en it stekt se dat se neat weromsjogge fan it jild dat besparre is troch it lienstelsel, mar wol de rekken betelje.
In lanlike demonstraasje tsjin it lienstelsel dizze moanne © ANP
"Ik betaal liever een euro meer voor een broodje in de kantine, dan dat ik een schuld heb. Dan neem ik wel wat van huis mee", seit Marten. Troch it lienstelsel soe der mear jild stutsen wurde yn de ferbettering fan it ûnderwiis. Mar dat is mislearre, konkludearje de partijen.

Basisbeurs en kompensaasje

It gefolch is dat de basisbeurs takom jier weromkomt. It nije kabinet lûkt dêrneist 1 miljard euro kompenaasje út foar de lienstelselstudinten, wat delkomt op 1.000 euro de studint. Fierstente min, fynt dizze generaasje, om't de basisbeurs sa'n 14.000 euro is.
Het wordt je ontnomen om te beginnen zoals je ouders dat ooit deden. Heel normaal een huis kopen, misschien een gezinnetje beginnen, echt met je volwassen leven aan de slag te gaan.
Yannick Bults
"Het wordt je ontnomen om te beginnen zoals je ouders dat ooit deden. Heel normaal een huis kopen, misschien een gezinnetje beginnen, echt met je volwassen leven aan de slag te gaan. Daar is gewoon een enorme deuk ingeslagen. We beginnen met een valse start, daar moet iets aan gebeuren", fynt Yannick.
Hy is fan betinken dat de regearing ynvestearje moat yn studinten.
Marten Algra © Omrop Fryslân
Yannick konkludearret dat as Schiphol of Shell wat wolle, der wol help komt fan de regearing. "Misschien zouden studenten maar een vliegveld of een gasbedrijf moeten gaan opstarten, want volgens mij luistert het kabinet daar wel naar. We hebben het over een paar miljard voor studenten en dan is het een wereldprobleem en dan zijn we verwend en zeuren we maar, dat is echt van de zotte."

Nimme foar wat it is

De studinten bliuwe demonstrearjen om mear kompenaasje te krijgen as 1.000 euro. Yntusken rinne de skulden fan Yannick en Marten op, al nimme se dat foar wat it is om just no in moaie studintetiid te hawwen.
"Omdat ik realiseer dat dit de laatste tijd in mijn leven is dat ik het zo leuk ga hebben. Hierna ga ik serieuze dingen doen en werken. Het gevoel dat me bekruipt is: als ik het nu niet doe, dan kan het nooit meer", seit Yannick.

Risiko

Hy sjocht letter foaral problemen mei it krijen fan in hypoteek. Marten hat ek soargen foar de takomst: "Ik denk dat ik dat gevoel een beetje onderdruk, omdat ik echt gewoon wil ervaren hoe het studentenleven is. Dan heb ik maar als ik klaar ben een studieschuld, maar als je er echt over gaat nadenken dan denk je: is dit risico het waard?"