Der kin wer in soad, mar de tried opnimme nei de krisis freget oanrintiid

Troch de ferrommingen kinne groepen wer feest fiere sûnder oardel meter. Dat betsjut dat se by restaurant De Mallemok yn Sleat wer úteinsette kinne.
In soad mooglik troch ferrommingen, mar wer opstarte is net maklik:
It is goed nijs, seit eigener Martrude de Bruijn-Rutgers: "Wij zijn natuurlijk erg blij dat het allemaal weer mag. We hebben heel lang niks gemogen voor grote groepen. Bruiloften, catering en evenementen mochten allemaal niet. Nu krijgen we alweer aanvragen van mensen die last minute toch willen trouwen. Dat is fantastisch."

Befêstiging

Dochs liedt dat noch net direkt ta boekingen. "Mensen willen wel echt de definitieve bevestiging hebben van de persconferentie. Je merkt dat mensen daardoor een beetje terughoudend zijn. Maar toch zijn de aanvragen weer booming."
De Mallemok yn Sleat © Omrop Fryslân
Nettsjinsteande de nije oanrin, rint de lokaasje dochs noch in soad ynkomsten mis.
"Vaak zie je dat mensen in december-januari ten huwelijk gevraagd worden. Dat leidt dan in januari, februari en maart tot een piek van aanvragen voor het jaar daarop. Dat is afgelopen jaar uitgebleven, waardoor we ook dit jaar inkomsten mislopen. Er zijn wel offertes aangevraagd en opgestuurd. Daarvan zijn er nu nog een paar twijfelachtig. Maar er staan ook een aantal mooie groepen in de agenda", seit De Bruijn-Rutgers.

Wer nei bûten

Emilie Blom út Penjum is âld-bassist fan de Nederlânske band The Scene. Sûnt in pear jier is sy oan it skriuwen foar har nije band, Mimile.
De ferrommingen soargje derfoar dat sy as muzikant wer mear mooglikheden hat: "Heerlijk toch. Alhoewel, ik moet je zeggen dat ik ook best heb genoten van de rust van de lockdowns. Ik heb gelukkig gewoon door kunnen werken, maar het is wel heerlijk dat we weer lekker naar buiten kunnen."
Muzikant Emilie Blom © Omrop Fryslân
De teäters en konsertsealen meie ek wer fol, wat betsjut dat artysten wer it lân troch kinne. "Dat hoop ik. Zelf ben ik er niet echt mee bezig geweest de afgelopen twee jaar. Ik heb vorig jaar in februari nog een single uitgebracht en nog een in november, maar ja, dat werd niet echt opgepakt door de coronacrisis", seit Blom.

Muzykskoalle

Blom is dêrom noch net aktyf oan it toeren. Yntusken hat se yn de coronakrisis in muzykskoalle oprjochte. Dêr krije bern en folwoeksenen út Penjum bandles: "Dat gaat hartstikke goed. De volwassen band heeft ongeveer 10 nummers ingestudeerd en opgetreden in Lewinsky in Sneek."
Emilie Blom oer hoe 't de coronakrisis har plannen feroare
Sy is fan doel om op termyn wer te toeren en muzyk te meitsjen. De muzykskoalle bliuwt hoe dan ek bestean.
Blom: "Dit loopt nu, de aanlooptijd om de school draaiende te krijgen hadden we ook echt nodig. En je zal er altijd veel energie in moeten stoppen. Dat heeft zeker ook mijn focus, maar ik ben ook van plan om weer lekker muziek te gaan schrijven."