It bobslidebûn siket leden: "Moatst in adrenalinejunkie wêze"

It Bob- en sleebûn (BSBN) is mei noch gjin hûndert leden it lytste sportbûn fan Nederlân. It bûn wol dêr lykwols feroaring yn bringe en is op syk nei minsken dy't sa in slide yn stappe.
Op de bobslide © ANP
Yn Fryslân hawwe wy Dennis Veenker fan Damwâld dy't dizze winter útkomt op de Olympyske Spelen yn Peking. It bûn wol lykwols nij bloed en mear leden, want mear leden is mear konkurrinsje en bettere prestaasjes.

Fysyk talint

"We binne benammen ek op syk nei it fysike talint", seit Sybren Jansma fan it BSBN. "Wy sykje atleten dy't de potinsje hawwe om hurd triuwe te kinnen. Dêr begjint it mei." Neffens Jansma binne minsken dy't oan eksplosive sporten dogge, lykas gewichtheffen, rugby of atletyk yn it foardiel.
Fansels hâldt it net op by triuwen, want je moatte ek de baan ôf en dat giet mei hege snelheden. "Moatst wol in bytsje in adrenalinejunkie wêze. Doe't ik foar it earst yn de bob siet, like eltse bocht in soarte fan looping te wêzen."
It bobslidebûn siket leden
Neffens Jansma komt de ûnderfining fansels. "Yn it begjin litte we se earst healwei de baan nei ûnderen gean. We rinne op de baan en by de baan del en sy krije oanwizingen fan coaches, mar úteinlik is it dochs in kwestje fan gewoan nei ûnderen gean."