Knappe einsprint leveret De Vries sechde plak op yn Meksiko

Nyck de Vries is sneontejûn sechde wurden by de Formule E race yn Mexico. Mei in knappe einsprint pakte de Twellingeaster yn de lêste rondes seis plakken werom.
© Orange Pictures
Nei syn wrâldkampioenskip ferline seizoen is De Vries dit jier op jacht nei syn twadde titel. Mei in oerwinning en in 10e plak yn Diriyah stie er twadde.

Oan 'e sturt

Yn Meksiko Stêd ried De Vries in reedlike kwalifikaasje, mar de Mercedessen hiene net genôch snelheid om de Porsches te ferslaan. De Twellingeaster mocht oantrede op plakje seis.
De Vries koe nei de start fuort oanslute by nûmer fiif Da Costa, mar hie net de romte om him foarby te stekken. Yntusken krige er sels Robin Frijns oan 'e sturt dy't him ek ynhelle. En efkes letter diene Cassidy en teamgenoat Vandoorne itselde.

Einsprint

It like yn de lêste rondes folslein mis te gean doe't De Vries weromsakke nei plak tolve. Mar, hy hie noch wat stroom oer en mei in pear knappe ynhelaksjes pakte er yn de lêste ronde it sechde plak.
De Vries hat it kommende tiid wat rêstiger: pas oer twa moanne wurdt wer riden. Dan giet de Formule E foar twa races nei Rome.