VC Snits wint oertsjûgjend fan Dynamo Apeldoorn

VC Snits hat sneontejûn sûnder al te folle problemen wûn fan Dynamo. Yn de Snitser Sporthal waard de ploech út Apeldoorn mei 3-0 ferslein.
© Orange Pictures
Snits hie yn de earste set net folle wjerstân fan Dynamo: 25-12. Dat wie by de twadde wol oars want Dynamo kaam betiid op foarsprong en liet de Snitsers net samar werom komme. Dat draaide krekt op tiid om: de twadde set wie mei 25-21 foar Snits.
Yn de beslissende giene de ploegen opnij lykop mar mei 25-20 kaam de oerwinning net yn gefaar.
De Snitsers moatte by de earste acht fan de earedifyzje einigje om troch te gean nei de kampioenspûl. VC Snits stiet der goed foar: de 29 punten leverje foarearst it fjirde plak op. Nûmers fiif en seis Utrecht en VCN ha minder wedstriden spile en kinne der noch wol oerhinne.