Brânwacht hâldt grutte oefening yn Drents-Friese Wold
Meardere brânwachtkorpsen út Fryslân en Drinte hawwe sneon in oefening holden yn it Drents-Friese Wold. Yn 2018 wie dêr in grutte brân dy't 75 bunder natuergebiet yn de jiske lei.

De brânwacht besocht by de oefening in sabeare brân te bestriden op it Doldersummerfjild by Wateren. Lykas by de brân yn 2018 waard in pleatslike camping ek bedrige troch de brân.
Foar it feroarsaakjen fan de brân krige in 24-jierrige man út Appelskea tbs oplein. Ut ûndersyk die bliken dat hy in ferstanlike beheining hat.