DNA bewiist: eksoatyske slykgarnaal by Kiestersyl

Yn it Van Harinxmakanaal by Kiestersyl is ferline jier troch analisten fan Wetterskip Fryslân in bysûndere slykgarnaal fûn. It giet om de Chelicorophium maeoticum, in soarte dy't allinne fûn is yn de Swarte- en Kaspyske See.
Chelicorophium maeoticum © Wetterskip Fryslân
De 'hydrobiologysk analisten' fan it wetterskip dogge eltse maitiid ûndersyk mei skepnetsjes yn Fryslân. Sy nimme meunsters en sykje nei lytse dierkes sûnder wringe (wervel). Mei de mikroskoop wurde dêr de nammen by socht.
Faak komme se algemiene soarten tsjin, mar yn 2021 waard dus in bysûndere soarte fan de fliekreeft fûn. Foar Wetterskip Fryslân is it in riedsel hoe't it dierke yn Fryslân bedarre is. Mooglik binne se fia skippen meikaam. Mei help fan DNA is koartlyn bewiisd dat it echt om dizze soarte giet.