'Frijheidskonfoai' nei Den Haag: "De truckers yn Kanada binne ús foarbyld"

Mei frachtweinen en trekkers wurdt sneon by it Binnenhof yn Den Haag protestearre tsjin de coronamaatregels. Ek Fryske sympatisanten hawwe har oansletten by it 'frijheidskonfoai.'
Der binne ek Friezen by it protest © ANP
De diken tusken it Binnenhof en it Malieveld binne folslein blokkearre troch allerhanne weinen. Der binne spandoeken te sjen mei teksten as 'Rutte IV moet weg, wij gaan niet weg', 'Genoeg is genoeg' en 'Vrijheid, vrijheid.'
Under de demonstanten is ek Nynke Koopmans-Van der Veen, boerinne en foarfrou van de partij Belang van Nederland yn Tytsjerksteradiel.

Tsjin de QR-koade

"Eltsenien hat itselde doel. Der steane hjir wurkjende minsken: boeren, truckers en sympatisanten. Sy wolle de frijheid yn Nederlân werom", seit Koopmans. It skrassen fan it coronatagongsbewiis is foar har it wichtichste. "En dat de polityk mear harkje sil. Wy tinke dat wy ôfglydzje as lân as dit sa trochgiet."
Nynke Koopmans op argyfbyld © Omrop Fryslân
De truckersprotesten yn Kanada binne neffens Koopmans in grut foarbyld. "Sy fjochtsje ek foar har lân. Mar hjir binne ek sawat eltse jûn demonstraasjes en protesten. Dat jout wol wat oan."
Nynke Koopmans-Van der Veen
Dochs is it neffens Koopmans breder as corona allinne. "Us regear hat der in binde fan makke. Minsken hawwe muoite om de gasrekken en de syktekosten te beteljen."
Sy kinne ús fuortstjoere, mar de ûnfrede bliuwt.
Nynke Koopmans-Van der Veen
In reaksje út de polityk wei hawwe de demonstranten noch net krigen, mar der is wol plysje bywêzich. "Sy kinne ús fuortstjoere, mar de ûnfrede bliuwt. Wy wolle hjir noch wol efkes bliuwe. It is in moai plakje, de Fryskle flagge wapperet yn 'e rjochting fan 'het Torentje.'"