Utstalling "Kiek, su was Sneek!" moat it Snits fan eartiids 'siën' litte

Yn it Fries Scheepvaart Museum is fan takom wike ôf in foto-útstalling oer de skiednis fan Snits te sjen: "Kiek, su was Sneek!" It is de earste tentoanstelling yn in searje fan trije dy't mei Vereniging Historisch Sneek opset wurdt.
© Fries Scheepvaart Museum
De kar om foto's fan it Snits fan 100 jier lyn sjen te litten is mei opsetsin makke, fertelt direkteur Hester Postma fan it Fries Scheepvaart Museum. "Heel veel mensen denken bij de naam van het Fries Scheepvaart Museum dat we alleen het verhaal van de scheepvaart vertellen. Maar we doen eigenlijk veel meer."
Fries Scheepvaart Museum © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It museum hat ek in bysûndere iissportkolleksje, in kolleksje oer de skiednis fan Snits en in fotokolleksje. "Die wilden we nu wat meer onder de aandacht brengen. Daarom zijn we gaan grasduinen, samen met de Vereniging Historisch Sneek."

Stikkers as oanlieding

De oanlieding kaam ek by de feriening wei. "Vorig jaar is er door hen zo'n plaatjesboek uitgegeven, met stickers die je kon sparen bij de supermarkt. De Snekers waren druk aan het sparen in coronatijd. We spraken met elkaar en toen zeiden we: wat gek dat daar eigenlijk nog geen tentoonstelling over gemaakt is om de foto's te laten zien. De originelen aan de wand en de verhalen erbij vertellen."
De wetterpoarte fan Snits op in foto út 1870 © Rijksmuseum
Yn de tentoanstelling moatte de minsken en it strjitbyld sichtber wêze. "Ik hoop dat een feest van herkenning wordt, we willen nostalgie oproepen. Er is wel een soort trots die je voelt als mensen het over de stad hebben. Maar ik hoop ook dat we mensen enthousiast kunnen maken die er nog minder van weten."
Ik weet niet of je it siën kinne, mar je kinne it wel hore. Sneekers fyn ik gewoan lekker.
Alice Booij, it 'orakel fan Snits'
Alice Booij, in Snitser pur sang, sjocht dat wol. "Snekers binne blij met hun stad en sy binne der ek trots op", seit sy yn it Snitsersk. Kinne je minsken fan Snits ûnderskiede fan minsken út oare plakken. Booij: "Ik weet niet of je it siën kinne, mar je kinne it wel hore. Sneekers fyn ik gewoan lekker."

Alde grêften fan Snits

Booij hâldt op 6 maart in lêzing oer it wetter yn de stêd dat yn de rin fan de tiid ferdwûn is. Snits is dêr yn ferliking mei oare stêden betiid mei begûn, al yn 1832 waard mei in goalera-epidemy wetter tichtsmiten.
It Fries Scheepvaart Museum yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Der binne tritich foto's selektearre. De tentoanstelling is oant en mei 10 april te sjen yn Snits.
Hester Postma en Alice Booij