Confrères diel 2: de Ankers nimme ôfskied

De Fryske strafrjochtabbekaten Wim en Hans Anker binne sûnt 1 jannewaris mei pensjoen. Yn diel twa fan Confrères filmet FryslânDOK de bruorren yn de lêste wiken fan harren ôfskied. Te sjen op12 febrewaris op NPO2 en op 13 febrewaris by Omrop Fryslân.
Yn novimber 2021 jouwe de Ankers, mei kollega Jan Boksem, foar de lêste kear op Skiermûntseach in kursus strafrjocht oan oare abbekaten út it hiele lân. Mei it jaan fan kursussen en lêzingen hawwe de Ankers harren abbekatekantoar yn Ljouwert foar in grut part finansierd.
De measte rjochtsaken diene se nammentlik pro Deo, dus allinnich betelle mei in lytse fergoeding fan de steat.

Fan Skiermûntseach nei Akkrum

Skiermûntseach is it eilân dêr't de bruorren Anker de earste jierren fan harren libben trochbrochten. Heit Jacobus Anker wie dêr boargemaster oant 1956. Doe waard Anker beneamd ta boargemaster fan Utingeradiel en ferhuze de húshâlding mei fjouwer bern nei Akkrum.
Hans en Wim Anker ûnderweis nei Skiermûntseach © Omrop Fryslân
Yn desimber hiene Wim en Hans Anker harren lêste rjochtsittingen. Wim yn Ljouwert, dêr't hy foar in kliïnt in koartere TBS-ferlinging bepleite. Hans yn Den Bosch, dêr't hy in kliïnt bystie dy't fertochte waard fan it stellen fan in pet. Beide saken yllustrearje de twa utersten, dêr't de Ankers harren altyd tusken beweegd hawwe.
Sy ferdigenen moardners en sededelinkwinten, mar likegoed de winkeldief en de ynbrekker. Foar de Ankers draaide it boppedat net om de aard fan it misdriuw, mar om de minske dy't foar it gerjocht komme moast.
Hans Anker ûnderweis nei Den Bosch © Omrop Fryslân
De Ankers meitsje ek in begjin mei it opromjen fan harren kantoar. Dat falt noch net ta, want se hawwe altyd wurke sûnder kompjûter en smartphone. Dat betsjut dat de kasten fol sitte mei papieren dossiers, en ek op de tafels de dokuminten heech opsteapele lizze.
Dokumintêremakker Karen Bies
Yn de 40 jier dat se abbekaat wiene, hawwe se ek in soad sûvenirs sammele. Se binne fan doel in part fan dat guod te feilen foar it goeie doel.
Wim en Hans Anker op kantoar © Omrop Fryslân
Dokumintêremakker Karen Bies folget Hans en Wim Anker by harren ôfskied, dat se it leafst noch in pear jier útsteld hiene. As 'confrères' en as 'frères' binne se in izersterk duo. Dochs wurde ek de ferskillen dúdlik yn dizze FryslânDOK.
Hans en Wim Anker © Omrop Fryslân
Op 5 en 6 febrewaris is Confrères diel 1 útstjoerd. Dizze film is makke troch Piter Tjeerdsma yn 1995, doe't de Ankers lanlik bekend wurden wiene nei de ferdigening fan Ferdi E., de ûntfierder en moardner fan Gerrit Jan Heijn.
Anker en Anker yn 1995 © Omrop Fryslân
Yn Confrères, diel 2 is goed te sjen wat der nét feroare is yn dy 27 jier: it prinsipe dat de abbekaten Anker foaral minsken mei in lytse beurs helpe wolle.
Confrères - de bruorren Anker - diel 2
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.