Seisbierrum-Pitersbierrum leit sels in sebrapaad oan by gefaarlike oerstek

De nije bushokjes oan de Hearewei yn Seisbierrum en Pitersbierrum soargje foar opskuor. Om dêrby te kommen, moatte de doarpsbewenners in gefaarlike dyk oerstekke.
Jelle Jan Wissmann fan Doarpsbelang Seisbierrum © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De bus gie earst troch it doarp Seisbierrum hinne, mar moat no oer de Hearewei. Om de doarpsbewenners te helpen, hat doarpsbelang in eigen 'sebrapaad' makke.

Eigen paad spuitsje

"Sjoch, no fernimst fuort hoe gefaarlik it is", seit Jelle Jan Wissmann fan Doarpsbelang Seisbierrum. Mei in giel hesje stiet Wissmann mei trije doarpsgenoaten by de Hearewei fan Seisbierrum, midden op de krusing mei de Liauckamaleane. Sy hawwe in grutte spuit mei om in sebrapaad oan te lizzen.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It apparaat liket in soad op in spuit dy't op fuotbalfjilden brûkt wurdt om de linen del te setten. Hy wiist nei in bushokje oan de oare kant fan de dyk. Wylst Wissmann syn ferhaal docht, ride de auto's mei 80 kilometer de oere del. De busreizgers moatte de dyk oerstekke om by it hokje te kommen.

"Libbensgefaarlik"

It bushokje wie earst midden yn it doarp Seisbierrum, mar de provinsje hat dy just fanwege de ferkearsfeiligens ferlein nei de provinsjale dyk om it doarp hinne.
"Wy binne net tsjin de ferhuzing hear, want it wie yn it doarp gefaarlik. Mar no is der in nije situaasje ûntstien, dy't lyk sa gefaarlik is. Wy sitte hjir by in tydlike halte. De provinsje is begûn mei it sluten fan de halte foar in tydlike oplossing, mar dy nije tydlike halten binne net goed en feilich. De auto ride sa hurd, dat it net ferantwurde is om de dyk oer te gean. It is libbensgefaarlik."
It sebrapaad by Seisbierrum © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De bushokjes binne sa'n twa wiken lyn pleatst. Njonken de ûnfeilige situaasje wurdt de halte no ek minder brûkt. "De bushalte wie yn it doarp en doe stapten der fansels in soad reizgers op. No is dy bûten it doarp en is dat in stik minder. Minsken út Pitersbierrum fine it net feilich en dus geane sy nei Seisbierrum foar de bus. Der stappe net in soad minsken mear op, mar dat komt gewoan omdat sy benaud binne foar alles."

Werom nei 60

Doarpsbelang wol graach omtinken foar it probleem en makket no sels in sebrapaad mei in spuit. It is fan kalk, om net in echt paad oan te lizzen. Wol hoopje sy omtinken te krijen fan de provinsje.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort stekt de dyk ris oer
Wissmann: "Wy witte net of in sebrapaad de goeie oplossing is, mar wy wolle dat de dyk weromgiet nei 60 en dat it dúdlik is dat der in oerstek is, dat auto's net sa rap mear ride. Dêrom dit sebrapaad. Dêrnei sjogge wy wol hoe't it op de lange termyn moat, mar earst dizze tydlike situaasje better oplosse."