Lykspul foar fjochtsjend Drachtster Boys, oerwinning Libertas

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe knap lyk spile tsjin Feyenoord. Yn dit rjochtstreekse duel om it fjirde plak yn de earedivyzje kaam Feyenoord mei 0-2 foar, mar de Drachtsters fochten harren werom oant 2-2. Libertas wûn mei 2-3 fan Exstudiantes.
© Twitter: @DFTda1
Yn Drachten wie de earste grutte kâns foar de thúsploech: Lisanne Kempe rekke de peal. Krekt foar it skoft kaam Feyenoord op foarsprong. Jennifer Oliveira makke it ôf nei in goed útfierde counter.

Meispyljende keeper

Yn de twadde helte besocht Drachtster Boys út alle macht lyk te meitsjen, mar it waard 0-2. Drachtster Boys spile efkes sûnder keeper en in lange bal rôle sa it doel yn. De Drachtsters hienen it lykwols nocht net opjûn en fia Amber Werkman waard it 1-2.
Krekt foar tiid waard it noch moaier. Drachtster Boys, noch hieltyd mei in meispyljende keeper, makke lyk. Wer wie Werkman de doelpuntemakker. Sa einige de striid om it fjirde plak yn in lykspul.

Trije punten Libertas

Libertas spile in goede earste helte tsjin Exstudiantes en stie by it skoft mei 0-2 foar in Zwolle. Josefien Slump en Sam Bosma soargen foar de doelpunten.
Nei it skoft makke Evelien Mensies de 0-3. Fia Lauri Weijkamp en Rebecca Doejaaren waard it noch wol efkes spannend (2-3), mar de punten wienen foar de ploech út Driezum.