Beslút oer bernehertsintrum Grins útsteld: oanbieders petysje bliid

Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens wol op 'e nij sjen nei de lokaasjes dy't oanwiisd binne as lokaasje foar bernehertsjirugy. Yn Noard-Nederlân krige in petysje om it bernehertsintrum yn Grins iepen te hâlden 262.000 hantekeningen.
It UMCG yn Grins © Omrop Fryslân
Kuipers bliuwt wol by it stânpunt om de spesjalistyske soarch werom te bringen fan fiif nei twa lokaasjes. Kuipers syn foargonger Hugo de Jonge hie Utert en Rotterdam dêrfoar oanwiisd. Under ynwenners fan Noard-Nederlân binne dêr grutte beswieren tsjin, omdat se dan fier reizgje moatte om dizze komplekse behannelingen te krijen.
Kuipers wol it beslút noch wolris tsjin it ljocht hâlde as der 'goede inhoudelijke redenen voor zijn'.

Undersyk nei de gefolgen

De Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) sil no ûndersykje wat de gefolgen binne as sokke spesjalistyske bernehertoperaasjes allinnich yn Utert en Rotterdam útfierd wurde kinne. It ûndersyk moat foar de simmer klear wêze.
Der bestiet in kâns dat it bernehertsintrum yn Grins no dochs iepenbliuwt. Kuipers tinkt dat de sintra fan Grins en Utert sawat likegoed binne. "Deze centra voldoen beide aan het criterium van levensloopzorg en beschikken ook beide over een compleet kinderziekenhuis met alle vereiste kindergeneeskundige subspecialismen."
Tongersdei sil in Keamerkommisje yn debat mei de minister oer de konsintraasje fan de bernehertsjirugy yn Nederlân. Dêrnei soe it definitive beslút nommen wurde, mar dat lit no dus langer op him wachtsje.
Hilly Linstra mei de petysje © Omrop Fryslan
Foar Hilly Linstra fan Drachten, ien fan de inisjatyfnimmers fan de petysje, is it werberied fan de minister goed nijs. Sy hat sels in dochter mei hertproblemen.

Bringt rêst

Sy seit: "It bringt gewoan in soad rêst, ik tink dat dat it is. Ik haw der persoanlik belang by, mar as je sjogge nei wat der yn Grins bard is dan hawwe alle bern der belang by. Ik bin hiel bliid. Yn it begjin wie de minister noch best fêsthâldend. Tiisdei is de petysje oanbean, freed kaam it nijs. Dus ik haw wol it gefoel dat de minister harke hat nei alle aksjes."
Hilly Linstra fan Drachten
Elts bern hat rjocht op kwalitatyf goede soarch, fynt Linstra. "Dat betsjut ek dat it binnen in bepaalde ôfstân oanbean wurde moat. Ik haw no wol hoop. As it úteinlik dochs ticht moat, tink ik dat wy troch moatte. Want wy moatte ús hjir net by dellizze."