Lawaaiprotest foar sportsintrum op De Gordyk

De Mienskip fan De Gordyk hold freed in lawaaiprotest troch it doarp om op 'e nij omtinken te freegjen foar de sporthal Kortezwaag. Der wurdt yn de gemeenteried al jierren praat oer it ferbouwen en fernijen fan de sporthal.
© Street View
Jozeph Verloop stipet it protest en rint mei. "Wy reppe ús no, wy fiele ús net mear heard", seit de Gordykster ûndernimmer. "Ik skat yn dat der tusken de 150 en 200 man by binne. It is dochs sa dat in soad minsken harren belutsen fiele."
Hy leit út hoe't it protest der krekt útsjocht. "It protest is begûn by de sporthal, wy dogge in tocht troch De Gordyk hinne. En aanst rinne we wer nei de sporthal ta."

Ferâldere foarsjenningen

De sportfoarsjenningen yn it doarp binne ferâldere. Der wurdt al sûnt 2008 praat oer it fernijen fan kultureel sintrum De Skâns en sporthal Kortezwaag. "It frjemde is, yn 2019 hat de gemeente it plan weromjûn oan de mienskip. En dy hat der in prachtich plan foar makke. Dat plan ha se útwurke en ek oanbean oan de gemeente, mar dy wolle der gjin klap op jaan."
Verloop tink net dat de belofte dat de skop dit jier noch yn 'e grûn stiet, op dizze wize helber is. "We leauwe it hielendal net mear. It fertrouwen dat is der net mear."
Lawaaiprotest op De Gordyk
Verloop fynt goede sportfoarsjenningen wichtich foar it doarp. "Wy wolle dat yn in doarp as De Gordyk ek fasilitearje. Wy wolle it doarp op de kaart sette."
"Moandei 14 febrewaris moat der in beslút oer nommen wurde, as dêr 'nee' op sein wurdt, dan geane we aanst de ferkiezings yn. Dan binne we wer fjouwer jier fierder en bart der wer neat."