Sneon yn Peking: Friezinnen op ploege-efterfolging

De Fryske sporters yn Peking pakke hjoed gjin medaljes, mar de efterfolgingsploech fan de froulju kin wol in grutte stap sette. Se moatte hjoed de kwartfinales sjen te oerlibjen.
Antoinette de Jong, Irene Schouten en Ireen Wüst yn training foar de ploege-efterfolging © ANP
De seleksje foar de ploege-efterfolging bestiet út Irene Schouten en trije Friezinnen: Antoinette de Jong, Ireen Wüst en reserve Marijke Groenewoud. Allegear binne se dizze Spelen al yn aksje kaam. Schouten wûn sels al twa kear goud, Wüst ien kear en De Jong pakte al brûns.
De ploege-efterfolging begjint freed mei de kwartfinales. De fjouwer lannen mei de bêste tiden pleatse har foar de heale finales op tiisdei. Dat binne streekrjochte duels: de winners pleatse har foar de finale, dy't letter dy dei ferriden wurdt.
It reedriden is saterdei fan 9.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio mei kommentaar fan sportferslachjouwer Andor Faber.
Nei de ploege-efterfolging is it tiid foar it koartste sprintnûmer by de manlju: de 500 meter. Sûnder Friezen: foar Nederlân dogge Thomas Krol, Merijn Scheperkamp en Kai Verbij mei.
In medalje pakke liket op foarhân dreech: de grutte favoriten binne Gao Tingyu, Laurent Dubreuil, Tatsuya Shinhama en Wataru Morishige.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.