Ried Noardeast-Fryslân op haadlinen iens oer 9 miljoen foar parken Dokkum

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân is it op haadlinen iens oer it beskikber stellen fan 9 miljoen euro kredyt om troch te gean mei de oanpak fan it Hurddraverspark en Tolhúspark yn Dokkum.
© RTV NOF, Ben de Jager
Der is neffens meardere partijen noch ien 'mar': de 'bysûndere eleminten', dêr't no 700.000 euro foar opnaam is yn dit plan, hoege no noch net ferdúdlike te wurden.
"It fuortheljen fan de bysûndere eleminten út it plan, mar troch de sân ton dêrfoar wol beskikber te hâlden, soarget foar in nedige buffer", oppere Aant Jelle Soepboer fan de FNP.

Bysûndere eleminten

Under oare S!N, ELP en de fraksje Klinkenberg koene harren foar in part wol fine yn de wurden fan Soepboer. "Litte wy de bysûndere eleminten der op dit stuit efkes útlitte en dat foarlizze oan de nije ried", joech Johan Talsma oan.
Manon van der Meij van S!N wie oer it algemien tige posityf oer it plan, mar se seach wol finansjele risiko's. "Daar zitten we als partij nog wel erg mee."
De bysûndere eleminten dêr't it oer giet binne in útsjochtoer, in mooglike brêge nei de binnenstêd, de beleefpaden yn it Hurddraverspark en de mooglikheid ta in muzykkoepel.
© Gemeente Noardeast-Fryslân
Flak foar de gearkomste sprutsen ferskate belanghawwenden noch yn. Cor Schat hat syn petysje tsjin de brêge nei de Dokkumer binnenstêd oanbean. Dy is yn totaal troch hast 1.100 Dokkumers ûndertekene. Yn totaal setten 1.699 minsken harren digitale hantekening ûnder de petysje.
De sportklups yn beide parken sprutsen ek yn en hawwe oanjûn dat sy superbliid binne mei de plannen, sa't dy der no lizze. "In grutte boppeslach."

'Zorgvuldige afstemming'

Wethâlder Esther Hanemaaijer joech oan dat it draachflak foar it plan ûntstien is troch alle partijen dy't hjir al jierren oer prate. "We hebben allemaal water bij de wijn gedaan. De ontwikkelrichting van het park is tot stand gekomen door zorgvuldige afstemming met alle partijen. Als u (de gemeenteried, red.) er nu elementen uit wilt halen, dan doet u een groep tekort."
Yn it ferfolch fan it betooch joech Hanemaaijer oan: "Wanneer de bijzondere elementen uit het kredietplan geschrapt worden, dan kan er voor het beleefpark geen subsidie komen. Daarom hebben wij 7 ton cofinanciering in het plan meegenomen."
CDA en ChristenUnie fûnen dat de kredytoanfraach fan 9 miljoen euro takom wike by it beslút wol as 'hammerpunt' troch de ried koe. Fanwegen it debat oer de bysûndere eleminten is dy kâns sa goed as nul.

Parkearplakken

De wurkgroep Binnenstad Dokkum hat oanjûn dat sy noch in skoft nedich hawwe sille om ta in oplossing te kommen wat it parkearjen by it Hurddraverspark oanbelanget.
Johan Wijnsma, de wurdfierder fan de wurkgroep, spruts yn: "It Hurddraverspark wurdt prachtich, mar út de binnenstêd wei fine wy wol dat der sa stadichoan in parkearprobleem ûntstiet. De râneparkearplakken rinne fol: De Helling, Lutjebleek en ek it Panwurk steane regelmjittich fol mei auto's. Ek mei minsken dy 't wenje of just wurkje yn de Dokkumer binnenstêd. It parkearterrein op it Hurddraverspark soe dêr op in bepaalde wize ferljochting yn bringe kinne."
De krekte ynfolling is noch ôfwachtsjen. Tongersdei 17 febrewaris stiet it beslút oer de ynvestearringskrediten op de aginda.