De toan fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: "Tsjinslach"

"Jierren wie it Nederlânske motto 'succes is een keuze' en 'geluk dwing je af', gelok en sukses binne dêrby blykber ynwikselber en foaral makber.
Yn ús yndividualistyske maatskippij giet dit boadskip oer it yndividu, do as yndividueel minske kinst sels kieze foar lok, foar sukses. En ast dat gelok dus berikt hast, hast gewoan hurd wurke. Dan binne alle credits foar dy. En dat wolle minsken graach. Googleje mar ris op 'gelok ôftwinge' en fynst der allegear tips om dizze 'Dutch dream' wier te meitsjen.
'Gelok is in kar' is in dreech boadskip. It is in boadskip dat inkeld yn goede tiden, op plakken fan foarspoed en troch minsken dy't it gelok hân hawwe suksesfol te wêzen, betocht wêze kin. It lit gjin romte foar de nuânse fan ûnderskate omstannichheden en oan- of ôfwêzigens fan kânsen dy't mei bepale oft lok en sukses, wat dat dan ek mar wêze mei, foar jin weilein is.
It omkearde, it fatalistyske idee dat lok of tsjinslach yn 'e stjerren skreaun stiet en dus no in kear sa is, is likemin in maklik boadskip. Want dizze lit dan wer gjin romte foar eigen inisjatyf, hanneljen en karren. Elkenien hat tafallich wolris tsjinslach of gelok, mar ek elkenien makket karren. De wierheid sil dus earne yn 'e midden lizze.
Mar no hawwe wy 'tsjinslachgeneraasje'. In generaasje studinten dy't de tsjinslach hat krekt yn de jierren te studearjen dat sy gjin stúdzjefinansiering krigen. Wol hiel ferfelend en tafallich, dat in hiele generaasje tagelyk tsjinslach hat. Of betsjut dat dat dizze generaasje it gelok net ôftwongen hat? Hoe't je it ek draaie, it is fierstente maklik om tsjin studinten te sizzen 'wat in tsjinslach dat krekt de regels yn jim tiid sa binne'. It is foaral ek hiel ûnearlik. Want it feit dat wy in hiele generaasje de stúdzjemooglikheden ôfbrutsen hawwe, hat in bewuste polityk-maatskiplike kar west.
It hat ek in wat koartsichtige kar west, dat jout men ûnderwilens ta troch it lienstelsel wer ôf te skaffen. Mar ja, de skea fan de mienskiplike kar is foar it yndividu en foar de mienskip al dien. En dy skea is grutter as allinne it misrinnen fan in pear jier stúdzjefinansiering.
It wurket troch yn takomstkânsen, omdat je net op dysels wenje sille, omdat je it net betelje kinne. Omdatst dy net sa op dyn stúdzje ynsette kinst ast wolle soest, want moatst der in soad ekstra njonken wurkje. Omdatst net de stúdzje dy'tst wolst kiest út eangst foar baankânsen. Of omdatst hielendal net studearje silst omdatst gjin skuld hawwe wolst.
Dêrtroch hat dizze tsjinslachgeneraasje in efterstân op myn generaasje en de generaasjes foar my, dy't it gelok hiene dat der stúdzjefinansiering bestie.
Koartlyn spruts ik in studint oer wat dit betsjut foar harren stúdzjekar. De studint sei dat sy eins wol Sweedsk of Dútsk studearje wol, mar dan wit se net oft sy letter genôch fertsjinnet om har stúdzjeskuld te beteljen. Sy studearre derom no genêskunde. Dat is fansels ek in moaie kar.
Mar wat dogge wy, as gjinien mear Frysk doart te studearjen omdatst gjin skuld op sa'n lyts fakgebiet opbouwe wolst, en dêrom dochs mar rjochten of bedriuwskunde kiest? Dat hat net allinnich ynfloed op it yndividu mar ek grutte ynfloed op de maatskippij en it ferskaat oan kennis en kunde. As yndividu stean je net los fan de maatskippij en oarsom.
Gelok kin dus dochs in kar wêze. Net foar it yndividu, mar as mienskip. Wy kinne derfoar kieze om ek in folgjende generaasje it gelok te gunnen dat wy sels hân hawwe, en dêrmei de maatskippij riker te meitsjen. Pas dan kin gelok op 1."