Rappe rûntsjes komme der net út by Bergsma: "Ik wit net wêr't it oan leit"

Krekt as op de 5.000 meter woe it freed by Jorrit Bergsma net op de 10.000 meter. Hy waard fjirde. "Ik fiel my goed, it komt der allinnich net út."
In teloarstelde Jorrit Bergsma © Orange Pictures
De olympysk kampioen fan 2014 is swier teloarsteld. "Ik hie op mear hope", sei Bergsma tsjin de NOS. "Ik hie my der ek mear fan foarsteld. Dit is in swiere tsjinslach, hiel frustrearjend."
Yn de trainingen slagget it Bergsma wol en dat makket de frustraasje ek allinnich mar grutter dat it yn de wedstriden net slagget. "Ik kin ek net oanjaan wêr't it oan leit. De rûntsjetiden dy't ik ride woe, komme mar net. Ik wit net wat ik ferkeard dien ha. As ik net yn foarm wie, hie ik my der better by dellizze kind."

Elk rûntsje heale sekonde rapper

It wie freed wol in flakke rit, mar dat smiet net mear op as in tiid fan 12.48.94. "It hie elk rûntsje in heale sekonde rapper moatten. De bedoeling wie om fan de start ôf rûntsjes 30,3 of 30,4 te riden. Dat kaam allinnich net."
Oan it fertrouwen lei it net, likemin as oan de opskuor oer de tastân fan it iis. "Dêr ha ik my bewust foar ôfsletten. Ik ha der neat oer lêzen, neat oer opsocht. Hearst wol wat hjir en dêr, mar ik ha my der totaal net mei dwaande holden."

Grut respekt foar Van der Poel

Oer de prestaasje fan Nils van der Poel, dy't yn Peking in nij wrâldrekôr ried, kin Bergsma allinnich mar loovjend wêze. "Hy hat it fertsjinne, hy rydt it hiele jier al goed. Dat lit er hjoed wer sjen. It is hiel yndrukwekkend, grut respekt foar him."
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.