Jorrit Bergsma njonken poadium op 10 kilometer, wrâldrekôr foar Van der Poel

Jorrit Bergsma hat op de olympyske 10.000 meter gjin medalje pakt. De 36-jierrige Boarnster waard fjirde. Nils van der Poel (Sweden) pakte it goud yn in nij wrâldrekôr.
Jorrit Bergsma nei syn rit © ANP
Bergsma, dy't yn 2014 olympysk goud pakte en yn 2018 sulver, kaam yn rit fjouwer yn aksje. Dat wie de earste rit nei de dweil. De Boarnster gong hurder fan start as Roest, dy't doe de rapste tiid hie, mar it ferskil waard hieltyd lytser. Yn de slotfaze koe Bergsma net tippe oan it tempo fan Roest.
De tiid dy't Bergsma op de klokken sette, wie 12.48,94. De trijefâldich wrâldkampioen ried in tige flakke rit, mar foar olympysk earemetaal wie it net genôch.

Roest fiert tempo op

Patrick Roest wie de earste fan de topfavoriten dy't fan start gong. Syn start wie oan de stadige kant, mar fierde it tempo stadichoan op. Hy kaam oer de finish nei 12.44,59 en moast doe ôfwachtsje. Wat dy tiid wurdich wie, wie op dat stuit net dúdlik.

Wrâldrekôr Van der Poel

Nei't Roest en Bergsma de rapste twa tiden delset hienen, kaam topfavoryt Nils van der Poel yn de baan. De Sweed, dy't de lêste dagen foar opskuor soarge yn Peking, begûn foar syn dwaan rêstich. Dat wie noch hieltyd goed genôch foar it rapste skema.
Yn it twadde part fan de 10.000 meter dûkte Van der Poel ûnder de rûntsjes 30: hy notearre it iene nei it oare rûntsje yn de 29. De lêste twa rûntsjes wienen sels 28,91 en 28,60. Hy kaam oer de streek yn 12.30,74, goed twa sekonden rapper as syn eigen wrâldrekôr.
Nils van der Poel nei syn wrâldrekôr © ANP
Yn deselde rit as Van der Poel ried de Italiaan Ghiotto ek in sterke tiid. Hy wie rapper as Bergsma, wêrtroch't de Fries fan it poadium dûkele.
Van der Poel koe nei syn rit syn titel al fiere, al kamen yn de lêste rit regearjend olympysk kampioen Ted-Jan Bloemen en Bart Swings noch yn de baan. Bloemen begûn noch wol mei rûntsjes yn de 30, mar dat koe er net folhâlde. Hy ferlear mear en mear tiid op it skema fan Patrick Roest, dy't dêrtroch syn twadde sulver fan dizze Spelen pakte.

Bergsma noch op massastart

Bergsma einige úteinlik as fjirde, op in lytse trije sekonden fan it brûns. Hy komt sneon 19 febrewaris opnij yn aksje, dan op de massastart. Op de ploege-efterfolging (takom snein) is er reserve.

Utslach 10.000 meter

1. Nils van der Poel (SWE) 12.30,74 (WR)
2. Patrick Roest (NED) 12.44,59
3. Davide Ghiotto (ITA) 12.45,98
4. Jorrit Bergsma (NED) 12.48,94
5. Aleksandr Roemjantsev (RUS) 12.51,33
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.