Liveblog | 11 febrewaris

Coronanijs 11 febrewaris: Hoareka wol werom nei "oude normaal"

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der wienen freed 3.950 nije coronabesmettingen yn Fryslân, acht sikehûsopnames;
  • De wyksifers binne flink fertekene as it giet om de positive tests;
  • It tal sikehûsopnamen stabilisearret yn Fryslân;
  • It kabinet wol de coronaregels ferromje fan kommende wike freed ôf;
  • De hoareka kin dan nei alle gedachten oant 1.00 oere iepen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 11 febrewaris, 22:30
freed 11 febrewaris
22:28

Wy krûpe ûnder de wol

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
19:38

Nachtklups fernuvere oer slutingstiid

Brânsjorganisaasje fan de nachtklups Nachtbelang is fernuvere oer de mooglik nije slutingstiden foar de hoareka fan 01.00 oere en dat testen foar tagong, ek bekend as 1G, wurdt ûndersocht foar it iepenjen fan it nachtlibben. Dat skriuwt Nachtbelang yn in iepenbiere brief oan minister fan Folkssûnens Ernst Kuipers.
De nachtklups neame 1G gjin wurkbere eask. Minsken soene net ree wêze har foar it nachtlibben teste te litten en boppedat is dêr de testkapasiteit hielendal net foar, seit Nachtbelang. By 1G moat elkenien, ek faksinearre minsken of minsken dy't koartlyn corona hân hawwe, yn it foar in test dwaan.
17:34

Rutte oer hoareka-aksje ‘De Nacht staat op’: elkenien moat him oan de regels hâlde

Minister-president Mark Rutte seit dat er de "radeloosheid" begrypt by ûndernimmers fan nachtklups en diskoteken, dy't troch de coronaregels noch net iepen kinne. Dochs ferwachtet Rutte dat elkenien him oan de regels hâlde sil. Dat sei hy nei oanlieding fan de oankundiging fan 'De Nacht staat op', it protest fan de hoareka dat kommend wykein plakhawwe sil.

Yn de wyklikse parsekonferinsje sei Rutte dat it oan de boargemasters is om te hanthavenjen. Nettsjinsteande de ferrommingen dy't it regear tiisdei bekend meitsje sil, fynt Rutte dat it reedlik is dat de nachthoareka tichtbliuwe moat."Ik snap dat het moeilijk is en er spanningen zijn. Maar vrijheidsbeperkende maatregelen zijn er niet voor niks. We hebben te maken met een zeer ernstige crisis in onze volksgezondheid. Gelukkig zien we dat de cijfers zich gunstig ontwikkelen."

Rutte erkent dat de nachthoareka it langst ticht west hat en dat de nachthoareka ien fan de meast dupearre sektoaren west hat. Dochs mei dat neffens him gjin ekskús wêze om earder iepen te gean. De hoareka mei op it stuit oant 22.00 oere iepen wêze. It kabinet lit nei alle gedachten tiisdei witte dat de slutingstiid ferromme wurdt nei 01.00 oere. Dat fynt de sektor lykwols net let genôch.
17:31

Foar it earst sûnt july 2021 gjin coronapasjinten op IC yn MCL

© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Foar it earst sûnt lange tiid lizze der gjin coronapasjinten mear op de Intensive Care-ôfdieling fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêr wurde sûnt 3 dagen gjin minsken mear behannele foar harren besmetting mei covid. De lêste kear dat de IC-ôfdieling yn it MCL leech wie fan coronapasjinten wie yn de simmer, ferline jier
Der wurde noch hieltyd pasjinten mei it coronafirus behannele op oare ferpleechôfdielings yn it MCL. It sikehûs hat wol bot lêst fan syktefersom. Der wurkje sa'n 3.800 oant 4.000 minsken yn it MCL. As der minsken útfalle troch karantêne of fanwege in coronabesmetting, hat dat fuortendaliks ynfloed op de besetting.
17:09

OMT hat gjin beswier tsjin ferrommingen coronamaatregels

Neffens boarnen yn it AD hat it OMT gjin beswier tsjin de ferrommingen fan de coronamaatregels dy't it kabinet graach trochfiere wol. De saakkundigen ha hjir freed oer oerlis oer hân.
Diskoteek yn Snits © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De eksakte ynhâld fan it OMT-advys is net bekend. It kabinet nimt kommende tiisdei in beslút oer de ferrommingen. Dan is der opnij in parsekonferinsje, dizze kear mei allinne minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens.

Gjin 1,5 meter mear

Yn stadions en teäters hoege minsken fan takom wike ôf gjin 1,5 meter ôfstân mear fan inoar te hâlden. Der meie dan mear minsken nei binnen. It kabinet wol de slutingstiid foar de hoareka ferromje nei 1.00 oere. Op lokaasjes dêr't romte is foar net mear as 500 minsken is aansten gjin fêst sitplak mear nedich. It coronatagongsbewiis bliuwt wol fan krêft yn de sport- en kultuersektor en yn de hoareka. Mooglik skrast it regear it advys om safolle as mooglik thús te wurkjen.

As saakkundigen sizze dat it ferantwurde is, soene fan ein febrewaris ôf hast alle coronamaatregels skrast wurde kinne. Dan soene ek it mûlkapke en de 1,5-meter net mear nedich wêze.
16:39

Ministearje Folkssûnens hat advizen OMT oanpast

It ministearje fan Folkssûnens hat oan it begjin fan de coronapandemy ferskate kearen teksten wizige út de konseptadvizen fan it OMT, foar't dy beskikber waarden foar it publyk. Dat meldt Nieuwsuur nei ûndersyk fan ferskate e-mails.

It RIVM, dat ûnder it ministearje falt en it OMT foarsit, hat de tekstsuggestjes fan it ministearje oernaam. OMT-leden dy't dêr by belutsen wiene, binne hjir net oer rieplachte.

'ynbrek op ûnôfhinklikens'

Neffens saakkundigen is der ynbrek makke op de ûnôfhinklikens fan it OMT.

In wurdfierder fan it RIVM seit lykwols dat it ministearje de tekstsuggestjes dwaan mei. De wizigingen hjirfan wurde net trochstjoerd oan de yndividuele leden fan it OMT.
16:11

Underwiisfakbûnen komme mei meldpunt foar meiwurkers mei long covid

De Algemene Onderwijsbond (AOb) en fakbûn FNV Onderwijs & Onderzoek ha in meldpunt iepene foar meiwurkers yn it ûnderwiis dy't long covid ha en dy't dêrtroch finansjele skea oprinne. It doel is "om de omvang van het probleem van langdurige Covid in het onderwijs in kaart te brengen", sa seit de organisaasje.

De fakbûnen fine dat de oerheid mei in fûns komme moat foar personiel mei langduorjende Covid. Minsken dy't besmet rekke binne en noch hieltyd klachten ha, moatte finansjele stipe krije. It giet om klachten as wurgens, koartamichheid en ferjitlikens.

Yn it earste syktejier krije meiwurkers noch it folsleine salaris, mar yn it twadde jier krije se hjir 70 persint fan. As reyntegraasje net mooglik is, moatte se oar wurk sykje of har ôfkarre litte. Earder waard al in meldpunt oprjochten foar soarchmeiwurkers mei long covid.
16:01

Fryske gemeenten myld foar hoareka yn lockdown

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Fryske gemeenten binne nettsjinsteande hurde warskôgings yn it foar de ôfrûne wiken myld west foar hoarekaûndernimmers. Ut in belrûntsje fan Omrop Fryslân nei alle gemeenten komt in byld nei foaren dat der net bot hanthavene is.
Allinnich de gemeente Smellingerlân wie strang foar de ûndernimmers. Dêr krigen twa kroegen in 'Last Onder Dwangsom' (LOD) oplein. As dy kroegen nochris oer de skreef geane, dan krije se in boete fan tsientûzen euro. Dêrnjonken is twa kear in foarnommen 'last onder dwangsom' oplein. Yn Eaststellingwerf en Ljouwert hat de gemeente ien hoarekaûndernimmer sa'n selde lêste warskôging jûn.
15:39

RIVM meldt 3.950 nije coronabesmettingen yn Fryslân, gjin stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3.950 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Tongersdei wienen it der 3.915.
Fan tiisdei ôf wurde positive testútslaggen streekrjocht oan it RIVM trochjûn. Dat jildt ek foar útslaggen fan oare testoanbieders lykas Testen voor Toegang, de sikehuzen en de húsdokters. Tenei wurdt de datum fan de positive testútslach brûkt en net mear de datum fan de melding oan de GGD.
© Lennard Geerts, Omrop Fryslân
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 80.723. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 122.829
15:14

Ministers wolle 'balans' yn stipepakketten op lange termyn

Ministers Micky Adriaansens fan Ekonomyske Saken en Karien van Gennip fan Sosjale Saken wolle de 'balans' fine tusken ekonomyske stipepakketten en de skea dy't bedriuwen ha fan de coronakrisis. "We hebben een goed steunpakket neergezet, maar ik zou het sneu vinden als mensen tussen wal en schip vallen", seit Adriaansens.

No't it kabinet fan doel is om de maatregels te ferromjen, liket de stipe ek op te hâlden. In protte ûndernimmers en bedriuwen sille it lykwols noch jierren swier ha fanwegen de coronakrisis.

'Gezonde economie'

"We kunnen niet jarenlang doorgaan met steun", seit Adriaansens. "We moeten ook weer naar een gezonde economie." It is neffens har wol nedich om "perspectief" te jaan foar de lange termyn. It kabinet kin de bedriuwen hjiroer uterlik healwei maart mear ynformaasje jaan.
14:44

Hoareka wol sa gau as mooglik werom nei "oude normaal"

De ferrommingen dy't it kabinet nei alle gedachten nimme sil, geane wat de hoareka oanbelanget net fier genôch. Neffens Koninklijke Horeca Nederland (KHN) soene alle coronamaatregels folslein skrast wurde moatte. It coronatagongsbewiis (CTB) moat ek fan tafel, fynt de organisaasje. "Leren leven met het virus betekent ook disproportionele maatregelen durven loslaten", sa seit KHN.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De sektor seit bliid te wêzen mei de ferrommingen dy't der oankomme, mar dat it net begrypt wêrom't it regear noch hieltyd "krampachtig" fêsthâldt oan it CTB. De sifers litte neffens KHN sjen dat it mooglik is om mear te ferromjen.

Fan kommende wike freed ôf wurdt de slutingstiid nei alle gedachten ferromme nei 01.00 oere. Fan 25 febrewaris ôf wol it kabinet it grutste part fan de maatregels skrasse. Plannen foar it coronatagongsbewiis binne der noch wol, bygelyks it 1G-tagongsbewiis foar nachtklups en grutte eveneminten.
Koninklijke Horeca Nederland ûnderstreket dat de coronaregels it foar in soad nachthoareka noch hieltyd net rendabel makket om iepen te gean.
14:24

Minder coronapasjinten op ic, tal pasjinten op ferpleechôfdielingen omheech

It tal pasjinten mei corona op de ic's fan de Nederlânske sikehûzen gie freed fierder omleech nei 189. Dat binne der 9 minder as tongersdei. It is boppedat it leechste oantal sûnt 25 oktober.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Tongersdei sakke it tal pasjinten mei corona op de ic's foar it earst sûnt oktober ûnder de 200 pasjinten.
Der lizze no noch 1540 minsken mei corona yn de sikehûzen. Dat binne der 27 mear as tongersdei, sa meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Op de ferpleechôfdielingen naam it tal pasjinten mei corona wer wat ta. Freed wiene it der 1351; dat binne der 36 mear as in dei earder.
14:06

Minister Yesilgöz fan Justysje hopet dat nachthoareka dit wykein "de rust bewaakt"

Minister Dilan Yesilgöz fan Justysje en Feiligens hopet dat it perspektyf op fierdere ferrommingen fan de coronaregels helpt om kommend wykein de "rust te bewaken". Sneon demonstrearret de nachthoareka tsjin de sluting fan de hoareka troch dochs iepen te gean. De minister freget om dat net te dwaan no't dúdlik wurden is dat it kabinet de regels ynkoarten nei alle gedachten ferromje sil.

"Er is een reden dat we het stap voor stap doen. Het liefst doen we alles open, maar zo ver zijn we nog niet", sei de minister. Tongersdei wurdt dúdlik hokker coronaregels ferromme wurde. It kabinet nimt in beslút nei't it Outbreak Management Team in advys jûn hat.

Wylst de hoareka dizze aksje, dy't De nacht staat op' neamd wurdt, hâlde de plysjebûnen ek in protestaksje. Sy sille net kontrolearje. Minister Yesilgöz ûnderstreket dat de hanthavening fan de coronaregels dit wykein by de boargemasters leit. Sy kinne ek in boete oplizze.
12:06

GGD Fryslân sil stadichoan ôfskale; draaiboeken foar nije fariant lizze klear

It tal positive tests yn Fryslân is yn de ôfrûne wike ferdûbele, mar neffens Everhard Hofstra fan GGD Fryslân hat de pyk fan de besmettingen mei de omikronfariant no west.
De GGD sil op 'en doer oergean op reguliere wurksemheden, mar foar it gefal dat der in nije fariant opdûkt, lizze de draaiboeken by GGD Fryslân klear. "We passen ons aan op wat er nodig is. Als de aantallen sterk dalen en er minder mensen komen die zich testen, kunnen we mogelijk bij de GGD ook afschalen. Dat kan misschien over een maand of twee", seit Everhard Hofstra fan GGD Fryslân.
"We kijken wel degelijk naar de scenario's van wat er kan komen. Het is niet de vraag of er een nieuwe variant komt, maar wanneer die komt. We bereiden ons er op voor dat als het nodig is, we weer snel kunnen opschalen. Die draaiboeken zijn we nu als het ware aan het schrijven."
11:58

Boargemasters beprate ferrommingen yn Veiligheidsberaad

De 25 boargemasters fan it Veiligheidsberaad beprate moandeitejûn yn Utert de ferrommingen fan it coronabelied dy't it kabinet tiisdei oankundigje wol. It sil yn alle gefallen gean oer wat de gefolgen binne foar it karnaval, dat ein febrewaris fierd wurdt. It Veiligheidsberaad fynt dat it kabinet lanlik regels fêststelle moat, sa't karnavalsfierders net manmachtich nei de stêd of regio geane dêr't de minste regels binne.

Minister Dilan Yesilgöz fan Justysje en Feiligens sei earder dat karnaval fanwegen corona oars ferrinne sil. Alle optochten binne skrast. Dochs is yntusken bekend wurden dat der nei alle gedachten in protte ferrommingen oankomme foar ein febrewaris. Dat komt de 'carnavalsboargemasters' goed út: sy ha al warskôge dat se feestfierders op strjitte net oanpakke sille.

It kabinet nimt tiisdei, nei't de boargemasters har miening jûn ha oer de útfierberheid fan de maatregels, in definityf beslút oer ferrommingen.
09:57

Ien op de acht diskoteken moast doarren definityf tichtdwaan

Yn coronatiid hat ien op de acht diskoteken de doarren definityf sletten. Der giene ek in protte kroegen en lunchrooms ticht. Dat docht neffens it AD bliken út in analyze fan ABN AMRO. Sjoen nei it tal falliseminten en it grutte tal starters like it earst ta te fallen mei de skea yn de hoarekasektor, mar dat byld moat nuansearre wurde, seit Stef van Driessen fan ABN AMRO.

De hoareka-ekspert seit dat op grûn fan sifers fan Locatus, in ûndersykburo dat goed fyftjin jier data byhâldt oer winkels en winkelgebieten. Sa binne der sûnt de útbraak fan corona 30 diskoteken (-13 persint), 492 kroegen (-8 persint) en 237 lunchrooms (-6 persint) ferdwûn.

Benammen it tal diskoteken is omleech gien: fan 238 yn begjin 2020 nei 208 diskoteken no. Ien dêrfan is klup Quatrebras yn Noardburgum. It tal disko's rûn foar corona lykwols ek al werom om't der hieltyd mear festivals binne.
© Omrop Fryslân
09:31

Besmettingen bot fertekene, sikehûssifers lykje te stabilisearjen

It RIVM hat de ôfrûne sân dagen 31.681 positive coronatests registrearre by Friezen. Dat is in flinke tanimming ferlike mei in wike earder (14.458). Dit hat foar in part te krijen mei de ynhelslach by it RIVM dy't yn ien dei trochfierd waard. It tal sikehûsopnamen bleaun dizze wike likernôch gelyk.
Yn trochsneed waarden yn de ôfrûne wike alle dagen 4.526 besmettingen meld. Ferline wike wie dat trochsneed 2.065, noch in wike earder 1.353.
De measte besmettingen binne de ôfrûne sân dagen fêststeld yn de gemeente Ljouwert: 5.963. Dêrnei wienen de measte positive tests fan ynwenners fan Súdwest-Fryslân (4.116) en De Fryske Marren (2.847).

38 Friezen yn it sikehûs

Yn de ôfrûne wike binne gjin Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Der binne wol 38 Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat binne sawat likefolle as in wike earder, doe gong it om 37 opnamen.
07:56

Kuipers: isolaasje nei besmetting kin mooglik koarter

Minsken dy't besmet binne mei corona hoege mooglik minder lang yn selsisolaasje. Dat sei minister Ernst Kuipers (Folkssûnens) yn de talkshow Beau.
No is dy perioade noch minstens in wike, mar omdat men minder lang siik is troch de omikronfariant soe dat mooglik koarter kinne. It is oan it RIVM om dat te beoardieljen, seit Kuipers.
Minister Ernst Kuipers © ANP
Wannear't immen no út selsisolaasje mei by in positive besmetting, hinget ôf fan hoe lang oft immen al klachtefrij is. Pas nei 24 oeren sûnder klachten kin immen wer nei bûten, mar dan moatte de earste klachten wol langer as in wike lyn ûntstien wêze.
Kuipers is benaud dat de mienskip ûntwjochte rekket troch it grutte tal minsken dat fanwege in coronabesmetting binnen bliuwe moat. Sektoaren lykas de soarch of it iepenbier ferfier hawwe al te krijen mei krapte om't in soad minsken siik thús sitte.
07:40

Mear wachtsjenden op nije nier, hert of long

It tal Nederlânske pasjinten dat wachtet op in nije nier, hert of long, is yn 2021 omheech gien. Dit is mei it gefolch fan de lockdown en folle ic's mei coronapasjinten, meldt De Telegraaf.
"Het klinkt wat cru, maar door de lockdown gebeuren er bijvoorbeeld minder verkeersongelukken en zijn er dus minder orgaantransplantaties mogelijk", seit Aiko de Vries, ynternist-nefroloog fan it LUMC en foarsitter fan it Landelijk Overleg Nier Transplantatie (LONT).

Soarchlik

Foaral de aktive nierwachtlist (foar de nier fan in ferstoarne donor) is tanommen. Yn jannewaris ferline jier stienen dêr 806 nierpasjinten op, dit jier 877. "Er is een knellende dialysecapaciteit ontstaan in enkele regio's."
Niertransplantaasjes smite in soad sûnenswinst op, leit nefrolooch De Vries út. "Zowel in overlevingsduur als in kwaliteit van leven. Er zijn nu regio's waar men kampt met meer dialysepatiënten. Dat komt door zowel verminderde doorstroming naar niertransplantatie als een verhoogde instroom op de wachtlijst. Dat is zorgelijk, want de beste uitkomst voor een niertransplantatie is juist als er geen dialysetraject aan voorafgaat."
tongersdei 10 febrewaris
07:00

Goeiemoarn!

Wolkom by it liveblog fan freed 11 febrewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.