It ministearje fan Folkssûnens hat oan it begjin fan de coronapandemy ferskate kearen teksten wizige út de konseptadvizen fan it OMT, foar't dy beskikber waarden foar it publyk. Dat meldt
Nieuwsuur nei ûndersyk fan ferskate e-mails.
It RIVM, dat ûnder it ministearje falt en it OMT foarsit, hat de tekstsuggestjes fan it ministearje oernaam. OMT-leden dy't dêr by belutsen wiene, binne hjir net oer rieplachte.