Bekerfinale út sicht foar Aris nei fernedering tsjin Donar

De basketballers fan Aris hawwe in drege útgongsposysje om harren te pleatsen foar de finale fan it bekertoernoai. De earste wedstriid yn de heale finale tsjin Donar út Grins einige yn 91-58. Snein is de return yn Ljouwert.
Joran Triemstra fan Aris op argyfbyld © Orange Pictures
Yn it earste kwart koe Aris noch wol aardich yn de buert fan de grutte rivaal út Grins bliuwe. Nei tsien minuten wie it 20-15. Yn it twadde kwart rûn Donar lykwols fierder fuort. Healwei de wedstriid wie it 46-31.
Yn it tredde kwart wie it ferskil al fluch 20 punten. Donar wie folle sterker en fernedere Aris by riten. Nei trije kwarten wie it 71-41. Aris besocht yn it lêste kwart de marzje wat te ferlytsjen om net al foar de return kânsleas te wêzen. Dat slagge lykwols net: 91-58.

Topskoarer

José Dimitri Maconda makke de measte punten oan de kant fan Aris. Syn totaal dizze wedstriid kaam út op 16. Reinder Brandsma makke 14 punten.