Gemeenten yn berop tsjin beslút minister oer gaswinning Tytsjerk

De gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Ljouwert ha in berop oantekene tsjin it ynstimmingsbeslút fan it winningsplan by Tytsjerk. It berop is rjochte tsjin it beslút fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat.
Gaswinning fan Vermilion yn Aldlemmer oan de Oude Maden © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Wy litte mei-inoar ien lûd út de regio wei hearre om fierdere gaswinning in halt ta te roppen. It moat dien wêze", seit wethâlder Tytsy Willemsma fan Tytsjerksteradiel. De gemeente Smellingerlân en de provinsje stypje it berop fan de trije gemeenten tsjin it ynstimmingsbeslút.
Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Ljouwert ha ek frege om in foarriedige foarsjenning. Hjirmei wolle se tefoaren komme dat de gaswinning yn it gebiet nei 31 desimber trochgiet en dat it gasfjild by Suwâld opnij brûkt wurdt. Gemeente Tytsjerksteradiel wol dit ek oangripe om it gebiet feiliger en mear duorsum te meitsjen.
"Allinnich dan bliuwt it gebiet geskikt foar de primêre funksjes lykas wenjen, ûndernimmen, lânbou, rekreaasje en behâld fan skjin drinkwetter. Wy ha der nammentlik gjin betrouwen yn dat dit it lêste winningsplan is dat op ús ôfkomt", sa seit wethâlder Willemsma.

Gjin betrouwen

Yn Sûwâld en op oare plakken yn gemeente Tytsjerksteradiel wurdt sûnt 1965 boarre. Neffens gemeente Tytsjerksteradiel soene de bewenners fan dizze gemeente en Achtkarspelen gjin betrouwen mear ha yn it ministearje, om't yn Grinslân de lytse gasfjilden ek wer iepengeane.
Der is op 30 novimber 2021 al in sjenswize yntsjinne tsjin it winningsplan. Neffens de trije gemeenten en de provinsje is de minister by it definitive ynstimmingsbeslút kwealik yngien op de arguminten.
Wethâlder Tytsy Willemsma fan Tytsjerksteradiel oer it berop