Aart Schoenmaker tydlik direkteur GGD Fryslân

GGD Fryslân hat in tydlike direkteur fûn yn Aart Schoenmaker. Yn april nimt de hjoeddeiske direkteur ôfskied, dat is Margreet de Graaf. Sy waard yn de ôfrûne jierren bekend troch har optreden yn de coronakrisis.
© ANP
Aart Schoenmaker nimt har wurk tydlik oer, oant der in nije direkteur fûn is. Schoenmaker wurke yn de ôfrûne tiid as sûnensdirekteur yn Noardeast-Gelderlân. Ek wie hy aktyf foar it team dat lanlik Veiligheidsregio's mei-inoar ferbynt as it om corona giet. De Fryske GGD is bliid dat hy in skoft de honneurs waarnimme wol.
Aart Schoenmaker by syn oanstelling yn Gelderlân: