3.915 nije coronabesmettingen yn Fryslân, acht sikehûsopnames

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3.915 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Woansdei wienen it der 3.839.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 4.526 besmettingen. Woansdei lei it op 4.332 besmettingen, in wike lyn op 2.065.

Woansdei in flater

It RIVM hie woansdei in flater makke yn it berekkenjen fan it tal nije coronabesmettingen. Earst like it oft der yn Fryslân 5.196 besmettingen wiene, mar it die bliken dat registraasjes fan tiisdei op 'e nij meinaam wiene. Nei de korreksje fan de dûbelde sifers lei it tal besmettingen op 3.839 besmettingen.
De flater hie te krijen mei in grutte ynhelslach fan efterstannen by it RIVM dy't yn ien dei trochfierd waard. Dat fertekene tiisdei it tal besmettingen flink. Fan dy dei ôf wurde positive testútslaggen streekrjocht oan it RIVM trochjûn. Dat jildt ek foar útslaggen fan oare testoanbieders lykas Testen voor Toegang, de sikehuzen en de húsdokters. Tenei wurdt de datum fan de positive testútslach brûkt en net mear de datum fan de melding oan de GGD.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne acht Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om trije ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Achtkarspelen en ien ynwenner fan de gemeenten Smellingerlân en Tytsjerksteradiel.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 86.862. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 121.500.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.