Ofslútdyk wurdt mear en mear pineholledossier foar provinsje

It ferfangen fan de haperjende brêge by Koarnwertersân stiet op de planning foar 2025, mar it is mar de fraach of dat helle wurdt. De provinsje Fryslân wol mei de ferantwurlik minister om tafel.
It stânbyld fan Cornelis Lely op de Ofslútdyk © ANP
It Ryk is ien fan de oarsaken fan de mooglike fertraging. Dat hat te krijen mei de spuislûzen. Dy wurde oanpakt en dat is de ferantwurdlikheid fan it Ryk. "Als blijkt dat dat niet op tijd klaar is, kan dat consequenties hebben voor de brug", seit deputearre Avine Fokkens.
De earder ôfprate tiidsplanning liket net mear reëel, neffens Fokkens. Ien fan de winsken fan de provinsje wie om in bredere slûs oan te lizzen, dat is better foar de skipfeart. Fokkens: "Het is een wens vanuit de Friese politiek, maar ook uit het bedrijfsleven."

Hoe komt it jild?

Skipsbouwers, de transportsektor en oare bedriuwsorganisaasjes wolle der 26,5 miljoen euro yn stekke. Dat bedrach soe neffens it bedriuwslibben troch tolheffing by de slûspassaazje op it kleed komme moatte. "Maar het ministerie vindt dat niet wenselijk", seit Fokkens.
En dus moat der in kreative oplossing komme. Want de bedriuwen sjogge it ek net sitten dat sy der no jild yn stekke en dat takomstige bedriuwen dêrfan profitearje. "Gelijke lusten, gelijke kosten", ferwurdet Fokkens it.

Pineholledossier

Wannear't de ferantwurdlik minister Harbers beskikber is foar in petear, is noch de fraach. "Het verzoek is uitgezet", seit Fokkens. "Ik neem aan dat ook de minister zich zorgen maakt over dit project. De Afsluitdijk is een icoon, maar op dit moment wordt het ook een hoofdpijndossier."