Liveblog | 10 febrewaris

Coronanijs 10 febrewaris: Kabinet wol hoareka iepen oant 1.00 oere

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • 3.915 nije coronabesmettingen yn Fryslân, acht sikehûsopnames;
  • Keamer stimt lykas ferwachte tsjin 2G-systeem;
  • 'Boa's moatte gewoan harren wurk dwaan, ek by fermindere plysje-ynset';
  • Handikapten minder faak dûst troch corona-útfal;
  • Sportwedstriden útsteld fanwege besmettingswegen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 10 febrewaris, 22:31
tongersdei 10 febrewaris
22:29

Hjir litte wy it by

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
20:05

Kabinet wol hoareka iepen oant 1.00 oere

It kabinet wol dat de hoareka fan takom wike freed oant 01.00 oere nachts iepen bliuwe kin. Ek wol it kabinet fan dy dei ôf folle mear tastean op plakken dêr 't in coronatagongsbewiis nedich is, lykas teäters en stadions. Dat meldt de NOS.
Op lokaasjes oant 500 besikers hoecht dan gjin oardel meter ôfstân mear hâlden te wurden en it fêste sitplak ferfalt ek. Op grutte plakken foar mear as 500 minsken bliuwt it fêste sitplak noch wol bestean. Mar ek dêr hoege de gasten gjin oardel meter ôfstân mear fan elkoar te hâlden.
16:57

'Boa's moatte gewoan harren wurk dwaan'

Hubert Bruls © ANP
Gemeentlike hanthaveners moatte sneontejûn gewoan harren wurk dwaan. As nachthoarekasaken de doarren demonstratyf nei 22.00 oere jûns iependogge, is it harren taak om te hanthavenjen. Dat seit foarsitter Bruls fan it Veiligheidsberaad fan 25 boargemasters dy't oan it haad stean fan in Veiligheidsregio. Boargemaster Buma fan Ljouwert is ien fan dy 25 boargemasters. Hy is foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân.
Wurkwegering
As de boa's harren wurk net dogge omdat der fawege in cao-aksje gjin stipe fan de plysje is, soe dat op wurkwegering lykje. De plysje hat in arbeidskonflikt mei it ministearje fan Ynlânske Saken. Plysjebûnen hawwe boa's oproppen om solidêr te wêzen.
Mar boa's binne gemeentlike meiwurkers, en dy hawwe hielendal gjin konflikt. Dan soe ien syn gewoane wurk net dwaan, omdat in hiel oare beropsgroep in konflikt hat. It moat net mâler wurde, sa is Bruls fan betinken.
16:29

GGD hat militêren net mear nedich

De GGD hat meikoarten gjin help mear nedich fan militêren. Ofrûne moannen holpen militêren de sûnenstsjinst by it faksinearjen en testen op corona. Op dit stuit helpe noch inkelde tsientallen op de testlokaasjes. Fierders kinne 750 militêren oproppen wurde, as dat nedich is. Earder holpen militêren ek by it faksinearjen, mar dat hoecht net mear.
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
It is noch hieltyd tige drok by de GGD-teststrjitten. In soad minsken wolle witte oft se in coronabesmetting oprûn hawwe.
15:58

3.915 nije coronabesmettingen yn Fryslân, acht sikehûsopnames

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3.915 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Woansdei wienen it 3.839. Der binne gjin gjin stjergefallen by Friezen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Acht Friezen binne mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om trije ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Achtkarspelen en ien ynwenner fan de gemeenten Smellingerlân en Tytsjerksteradiel.
14:21

Minder as 200 coronapasjinten op ic's yn sikehuzen

It tal coronapasjinten op de intensive cares yn de Nederlânske sikehuzen is tongersdei sakke oant ûnder de 200. Der lizze no 198 pasjinten mei corona op dy ôfdielingen, acht minder as woansdei. De lêste kear dat it tal coronapasjinten op de ic's ûnder de 200 kaam, wie op 26 oktober.
Yn totaal lizze no noch 1513 minsken mei corona yn de sikehuzen. Dat binne achttjin minder as woansdei. Op de ferpleechôfdielingen lizze op dit stuit 1315 covidpasjinten. Dat binne tsien minder as de foargeande dei. De sifers binne bekend makke troch it lanlik koördinaasjesintrum pasjintesprieding LCPS.
13:14

Keamer stimt lykas ferwachte tsjin 2G-systeem

De Twadde Keamer hat lykas ferwachte tongersdei tsjin it 2G-systeem stimd. Yn dat systeem krije allinnich faksinearren of minsken dy't noch net sa lang ferlyn better wurden binne fan corona, tagong ta lokaasjes dêr't in coronapas foar nedich is. Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens sei earder de winsk fan de Keamer respektearje te sillen.
© ANP
It foarstel wie earder al op in sêft sin set troch it kabinet. It wie net wis der genôch stipe wêze soe foar it wetsfoarstel. Woansdei makke de PvdA bekend foar in moasje fan SGP en Omtzigt te stimmen dy't it regear freget it wetsfoarstel yn te lûken. Mei it beslút fan de PvdA wie in mearderheid in feit.
Hast de hiele opposysje en regearingspartij ChristenUnie stipen de moasje. It CDA liet witte ek tsjin 2G te wêzen. Yn de hjoeddeistige situaasje hat it gjin mearwearde. Mar ynlûke fan it wetsfoarstel fynt de partij steatsrjochtlik net suver.
11:52

Handikapten minder faak dûst troch corona-útfal

Handikapten kinne yn guon soarchynstellings net mear alle dagen dûse. Yn stee dêrfan gean se om de dei ûnder de dûs. Dat is ien fan de wizen hoe't de ynstellingen omgean mei de útfal ûnder it personiel troch corona. De Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd (IGJ) hat mei de sektor praat en de problemen yn kaart brocht. Guon ynstellingen hâlde de deibesteging fan de bewenners foarearst op de wengroep. De minsken gean net mear op stap.
© ANP
De geastlike sûnenssoarch (GGZ) hat ek in soad te lijen fan personielsútfal. In hiel praktysk foarbyld is de reparaasje fan stikkene rolstuollen fan âldere minsken dy't thús wenje. Dat duorret folle langer as oars. Dêrtroch kinne de minsken de doar net út. De groep thúswenjende âlderein fielt him yn de lêste lockdown iensumer as yn it begjin fan de pandemy.
11:21

Heale team besmet, iishockeywedstriid giet net troch

De twa kompetysjewedstriden fan iishockeyklup UNIS Flyers gean dit wykein net troch. Yn de seleksje fan de Feansters binne op syn minst alve coronabesmettingen. Op in spilersgroep fan goed tweintich man is dat tefolle.
De Flyers soenen sneon thús spylje tsjin Leuven en snein út tsjin Mechelen. Foar dy twa wedstriden wurdt no in nije datum socht.
© Margo Mulder
10:45

Boa-bûn wol freed al ferromming hoarekaregels

De coronamaatregels foar de nachthoareka kinne it bêste freed al ferromme wurde, fynt fakbûn BOA ACP. Dat soe problemen mei de hanthavening foarkomme.
In soad nachthoarekasaken gean sneon iepen út protest tsjin de coronamaatregels. By de plysje binne cao-aksjes en dêrom kontrolearret de plysje net of minder. De hanthavening soe dan by de boa's telâne komme, mar dy wolle net yngripe sûnder stipe fan de plysje.
© ANP
Nei ferwachting wurde tiisdei nije ferrommingen oankundige, ûnder mear foar de hoareka. As de ferromming fan de iepeningstiden trije dagen earder yngiet, is dat foar elkenien makliker, neffens it boa-bûn.
It fakbûn hat mei meardere gemeenten oerlein. Guon gemeenten wolle gewoan hanthavenje, oare gemeenten sizze dat der net hanthavene wurdt sûnder plysje. Ek wurdt in soad keazen foar hanthavening yn boarger. Yn Fryslân liket net folle belangstelling te wêzen by de hoareka foar de protestiepening. Dat die woansdei bliken by in belrûntsje troch Omrop Fryslân.
10:08

Fuotbalwedstriid Feanfroulju útsteld fanwege besmettingsweach

De earedivyzje-frouljuswedstriid fan sc Hearrenfean tsjin FC Twente giet sneon net troch. In soad spylsters fan de ploech út Enschede binne besmet mei it coronafirus. Om hoefolle oft it krekt giet, is net bekend makke. Twente soe sneon nei It Hearrenfean ôfreizgje. De KNVB siket in nije datum foar it duel.
Danique van Ginkel © Orange Pictures, Pieter van der Woude
woansdei 9 febrewaris
07:15

Wer krekt wat mear coronagefallen yn Peking

It tal positive coronatests op de Olympyske Spelen fan Peking naam de ôfrûne dagen hieltyd fierder ôf, mar is no wer wat tanaam. Ofrûne dei testen njoggen dielnimmers oan de Winterspelen posityf. Yn seis gefallen barde dat by oankomst op it fleanfjild fan Peking. Binnen de saneamde 'sletten superbubbel' yn Sina testen trije minsken posityf. Sân fan de njoggen coronagefallen binne sporters of officials.
© ANP
Sina fierde woansdei yn totaal 71.516 tests op it coronafirus út. Alle dielnimmers oan de Spelen, fan sporters oant sjoernalisten, wurde alle dagen test. Op de lofthaven kamen woansdei 61 dielnimmers oan, goed de helte dêrfan binne sporters en harren trainers dy't noch yn aksje komme sille.
Tiisdei waarden fiif nije coronagefallen konstatearre. Dat wie it leechste oantal sûnt it begjin fan de telling op 23 jannewaris, doe't de earste atleten en coaches nei Sina giene. Moandei wiene der seis positive útslaggen. Yn totaal binne sûnt 23 jannewaris al goed 1,1 miljoen coronatests útfierd op de Winterspelen.
07:00

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan tongersdei 10 febrewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.