It tal positive coronatests op de Olympyske Spelen fan Peking naam de ôfrûne dagen hieltyd fierder ôf, mar is no wer wat tanaam. Ofrûne dei testen njoggen dielnimmers oan de Winterspelen posityf. Yn seis gefallen barde dat by oankomst op it fleanfjild fan Peking. Binnen de saneamde 'sletten superbubbel' yn Sina testen trije minsken posityf. Sân fan de njoggen coronagefallen binne sporters of officials.
Sina fierde woansdei yn totaal 71.516 tests op it coronafirus út. Alle dielnimmers oan de Spelen, fan sporters oant sjoernalisten, wurde alle dagen test. Op de lofthaven kamen woansdei 61 dielnimmers oan, goed de helte dêrfan binne sporters en harren trainers dy't noch yn aksje komme sille.
Tiisdei waarden fiif nije coronagefallen konstatearre. Dat wie it leechste oantal sûnt it begjin fan de telling op 23 jannewaris, doe't de earste atleten en coaches nei Sina giene. Moandei wiene der seis positive útslaggen. Yn totaal binne sûnt 23 jannewaris al goed 1,1 miljoen coronatests útfierd op de Winterspelen.