Studinten ûndersykje bollepysteteelt: stjonksigaar as meubel, klean of flier

De stjonksigaar as meubel, klean of flier; der binne in soad tapassingen mooglik fan de bollepyst (lisdodde yn it Nederlânsk). Mbû-skoallen presintearje yn de wike fan de sirkulêre ekonomy produkten yn it biosintrum fan Easterwâlde.
Studint Angelo Kooijker mei bysettaffeltsjes fan de bollepyst © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Op in kongres fan trije dagen yn it biosintrum sjogge studinten en belanghawwenden ûnder oare nei de mooglikheden om bollepysten (ûnder in soad nammen bekend, lykas de tuorrebout, reidsigaar of stoezebout) te ferbouwen en op de merk te bringen, en hoe't in boer libje kinne soe fan de teelt.
Mbû'ers leare hoe wichtich oft de stjonksigaar wêze kin foar de sirkulêre ekonomy, seit opliedingsmanager Christiaan Stavorinus fan ROC Friese Poort.

Oare gewaaksen yn in sirkulêre ekonomy

"De feangreidegebieten soargje foar in soad útstjit fan CO2. As wy dan it wetterpeil ferheegje, kin der net mear op tradisjonele wize buorke wurde. Dan moatte je sjen nei in oar gewaaks. De bollepyst is in gewaaks dat dêr teeld wurde kin. En dy teelt moat foar in ynkommen soargje foar de boer."
Linoleumstikken fan bollepyst © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De stjonksigaar kin ek ferwurke wurde ta isolaasjemateriaal. Der binne al tal fan eksperiminten mei tapassing fan de plant.
Angelo Kooijker docht de oplieding ynterieurbou. Hy toant yn it biosintrum bysettaffeltsjes dy't se op skoalle makke hawwe. "It is miljeufreonlik. Miskien krije we noch wol mear opdrachten. Ik fyn it wol leuk om te dwaan."
Neffens Stavorinus sille de studinten yn de takomst mear te krijen hawwe mei de sirkulêre ekonomy en rinne se mei de bollepyst by it Fryske mbû foarop. "Se nimme dit no al mei nei de bedriuwen dêr't se staazje rinne en sizze: der komme nije materialen. En sa hoopje we dat oan te pakken."
Ferslachjouwer Ronnie Porte seach nei de produkten yn Easterwâlde