Presidium Steaten wol mear tiid foar ynformaasje en ynspraak oer Lelyline

It provinsjaal bestjoer moat mear tiid nimme foar it ynformearjen fan de befolking en ynspraak oer de plannen foar de Lelyline. Dat fine de measte fraksjefoarsitters yn Provinsjale Steaten.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De fraksjefoarsitters joegen dat boadskip woansdei yn de gearkomste fan it Presidium mei oan kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Yn in memo oan de fraksjefoarsitters stelden Deputearre Steaten foar om de plannen foar de Lelyline - de flugge spoarline fan Lelystêd nei Grins oer Drachten - en it Deltaplan foar it Noarden yn de moanne maaie foar te lizzen oan in saneamd burgerpanel. It Presidium yn de Steaten fynt dat foarstel 'te meager en te hastich'.
Partijen as PvdA, CDA, FNP, 50Plus en PVV fine dat de provinsje mear tiid nimme moat foar ynspraak oer de Lelyline en it Deltaplan. Max Aardema fan de PVV wie it meast útsprutsen yn syn miening. Wat him oanbelanget komt der in referindum oer de Lelyline en it Deltaplan.
Max Aardema (PVV): "Dit moatte we sa net wolle"
De ChristenUnie yn Provinsjale Steaten stiet der oars yn. Wiebo de Vries fynt dat de Fryske polityk 'it momintum' pakke moat as it om de Lelyline giet, no't it projekt yn it regearakkoart stiet. De ChristenUnie is foar soarchfâldige ynspraak, sa seit De Vries, mar wol as it heal kin net ûnnedich tiid fergrieme.
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 © Omrop Fryslân
De measte partijen - sawol foar- as tsjinstanners fan de Lelyline - realisearje harren dat it Deltaplan sa'n grut en wichtich ûnderwerp is dat je wol de tiid nimme moatte om de befolking goed te ynformearjen en ek meiprate te litten.

Ferfolchûndersyk

Neffens it Presidium is it noch te betiid foar sa'n ynformaasje- en ynspraakronde, want it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat is no noch dwaande mei in 'verdiepend vervolgonderzoek' nei it Deltaplan en de Lelyline.
Dat ûndersyk sit neffens in wurdfierster fan it ministearje 'in de afrondende fase' en wurdt nei alle gedachten yn de maitiid presintearre. Pas as dat ûndersyk der leit wurdt dúdlik hoe't it Ryk en de belutsen provinsjes de Lelyline-ambysjes wiermeitsje wolle.

Brief yn maart

De fraksjefoarsitters fregen woansdei oan kommissaris fan de kening Arno Brok om yn plak fan mei in memo mei in ynhâldlike brief oan de Steaten te kommen mei alle relevante ynformaasje. Brok sei ta dat it kolleezje yn maart mei in brief komme sil.