Knegt fynt 'it spultsje' noch te moai om oan ophâlden te tinken

Sjinkie Knegt kaam woansdei op de olympyske 1.500 meter wat snelheid tekoart, mar de 32-jierrige Bantegeaster tinkt noch net oan ophâlden. Dêrfoar fynt er 'it spultsje' te moai.
Sjinkie Knegt © ANP
"De kwartfinale wie noch hiel goed", sei Knegt foar de kamera fan de NOS. "Mar as ik net op kop lis, dan slagget it op ien of oare manier net. Op 'racepace' kin ik it net ôfmeitsje."
Knegt finishte yn syn heale finale as tredde. Dat wie al net genôch foar in finaleplak en boppedat waard er diskwalifisearre. "It foel net stil, dus dan slagget it my net om bûtenom yn te heljen. Ik kom dêr krekt foar tekoart."

Langer wachtsje koe net

Hy hie net yn de gaten dat er bestraft wurde soe foar syn ynhelaksje by de Hongaar Krueger. "Ik hie net it gefoel dat ik him oanrekke. Dat seach ik letter pas, op de bylden." Spyt fan syn aksje hat er net. "Noch langer wachtsje hie ek net goed west."
Yn syn kwartfinale pakte Knegt fuortendaliks de lieding en dy stie er net mear ôf. "Dan is der neat oan de hân. De snelheid wie goed, dus myn konkurrinten koenen ek gjin aksje meitsje. Mar as ik derachter sit is it sa ferrekte dreech om nei foaren te riden."
Earder slagge my dat noch, no net.
Sjinkie Knegt oer it profitearjen fan flaters fan oaren
Dat barde yn de heale finale. Doe lei Knegt ek hiel even foarop, mar hy ferlear syn kopposysje. "Ik wie miskien krekt wat te nonsjalant. Ynienen kamen der fjouwer man om my hinne. En se knalden hast mei syn fjouweren op elkoar, mar ik koe der net fan profitearje. Earder slagge my dat noch, no net."
Dat Knegt op de Spelen stiet, is al in wûnder op himsels, nei syn swiere ûngelok mei de houtkachel trije jier lyn. "Dat ik hjir stean mei, dêr bin ik al hartstikkene wiis mei."

Grutte wearde foar de relayploech

En dat it yn Peking net sa giet sa't er hopet, betsjut net dat er tinkt dat it foarby is. "Ik bin echt noch net fan doel om nei dit seizoen op te hâlden. Ik fyn it noch hieltyd in fantastysk spultsje. Boppedat bin ik noch fan grutte wearde foar de relayploech."
Sportferslachjouwer Roelof de Vries oer de Spelen fan Knegt:
De heale finale op de relay stiet freed op it programma. "Ik bin dêr hartstikke op brând. It is de tredde kear dat we hjir mei de relayploech steane. De foarige twa kear wûnen we yn it foarseizoen alles en wienen we de favoryt. No hienen we in minder foarseizoen, dus litte we hoopje dat it dan hjir better giet."
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.