Haitsma Beton mooglik út Koatstertille, as brêge net gau opknapt wurdt

Haitsma Beton soe yn de takomst wolris út Koatstertille ferdwine kinne. As op koarte termyn neat oan de lokale brêgeproblematyk dien wurdt, hat ynvestearjen op de hjoeddeistige lokaasje gjin doel.
Wim Comello, direkteur Haitsma Beton © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Fanwege ferskate swakke plakken yn de konstruksje wie de brêge earder in skoft net tagonklik foar swier fracht- en lânbouferkear. No jildt der ienrjochtingsferkear.
"Sa'n tritich frachtweinen fan ús gean deis oer de brêge", seit direkteur Wim Comello. Dat hat gefolgen foar de bedriuwsfiering. By de provinsjale beswierekommisje hat hy oanjûn dat it fiif foar tolven is.
It fertrouwen dat it gau gebeurt, is wol wat fuortsakke.
Wim Comello (direkteur Haitsma Beton)
"Elk docht syn bêst om nei in oplossing te wurkjen", seit Comello. "Der is al hiel lang ûndúdlikheid. Elk wit dat it mei de brêge net yn oarder is, dat is al sûnt 2014 sa. Der moat no echt wat gebeure."
As dat net gau gebeurt, is ferhúzje in opsje. "Net ien wol dat. Mar it fertrouwen dat der gau wat gebeure sil oan de brêge, is wol wat fuortsakke. Der wurdt praat oer in nije oeverferbining. It beslút dêroer is al in kear opskood, dus ik sjoch dat net op koarte termyn gebeuren. We witte ek dat de brêge hieltyd minder wurdt."
© Omrop Fryslân, Mats Gies
It ienrjochtingsferkear kin tydlik, mar is gjin echte oplossing oant der in nije ferbining is. "Foar de lange termyn wurket dat net. As de brêge langer brûkt wurdt, sûnder dat der wat oan dien wurdt, giet dy noch mear achterút. We wolle foarkomme dat we oer in pear jier de brêge hielendal net mear brûke kinne en wer omride moatte."

Hiele operaasje

As dat sa is, komt de fraach oft it bedriuw dêr noch bliuwe kin. In ferhuzing is in hiele operaasje. Yn de kommisje hat Comello oanjûn dat se mei de 110 minsken yn tsjinst oer in langere perioade operasjoneel bliuwe wolle.
It bedriuw hat in foarstel dien foar in fersterking. Yn april komt in rapport fan Rykswettersteat en dan moat der in beslút naam wurde oer in konstruktyf herstel. "Dus we wachtsje de simmer noch ôf. Mocht der dan gjin beslút lizze, dan moatte we wol plannen meitsje." Oer in eventueel oar plak lit er him noch net út.
Wim Comello