Hoareka wiis mei te ferwachtsjen ferrommingen

Nije ferrommingen binne op komst, benammen hoareka en festivals krije mear mooglikheden. Mei in coronatagongsbewiis kin de oardel meter derôf en binne der gjin fêste sitplakken mear.
De hoareka is wiis mei wat mear azemromte:
"It is posityf nijs", seit Ton Eijer fan de Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Ljouwert. "It soe moai wêze as we wat mear kinne oant tolve oere."
It coronatagongsbewiis bliuwt wol bestean sa't it no liket. "Dêr wolle we fan ôf. In soad minsken ha de petysje tekene om dat ôf te skaffen. We fine it net mear passen yn dizze tiid. Oare lannen om ús hinne litte de regels ek los. We wolle gjin plysjeman wêze, mar in gasthear."
It kabinet tinkt deroer nei om de measte coronamaatregels letter dizze moanne los te litten. Mooglik wurdt it coronatagongsbewiis dan ek ôfskaft.
De kontrôle by de doar is in hiele put, fynt Eijer. "In part fan de minsken rekket it finkje kwyt en dan moatte we sizze dat se net wolkom binne." Eijer jout oan dat se har wol oan de regels hâlde.

Perspektyf nedich

De nachthoareka wol dit wykein de doarren iepenje út protest tsjin alle maatregels. Yn Fryslân is dêr net in soad animo foar. Benammen om't se de relaasje mei de gemeenten net op it spul sette wolle.
Ton Eijer © LEO Middelsé, Lennard Geerts
"As we út protest iepen geane, dan stiet de hanthavening takom wike op de stoepe mei in boete", seit ien fan de eigeners fan in nachthoarekasaak.
Eijer hopet dat der noch sjoen wurdt nei de slutingstiden: "Se ha wol perspektyf nedich. Kinst ek de ynrin oant tolve oere dwaan, dan kinne minsken sitten bliuwe. Dan hat nachthoareka der ek wat oan."