Fryske shorttrackers útskeakele op 1.500 meter, froulju wol troch

De Fryske shorttrackers ha op de Olympyske Spelen gjin finaleplak behelle op de 1.500 meter. Sjinkie Knegt en Sven Roes waarden yn de heale finale útskeakele, Itzhak de Laat al yn de kwartfinale.
Sven Roes © ANP
Roes kaam as fjirde oer de streek yn syn heale finale. Dat wie net genôch. Yn de B-finale waard de Gytsjerker úteinlik fjirde.
Knegt, dy't fjouwer jier lyn olympysk sulver pakte op de 1.500 meter, finishte as tredde. Dat wie al net genôch en boppedat waard er diskwalifisearre nei in oertrêding op de Hongaar John-Henry Krueger.
Foar Knegt wie it it lêste yndividuele optreden yn Peking. Hy rydt noch wol de manljusrelay.

De Laat ûnderút riden

Itzhak de Laat waard yn de kwartfinale útskeakele. Hy waard ûnderút riden troch Denis Nikisha út Kazachstan. Omdat de Ljouwerter op dat stuit yn fiifde posysje lei, krijt er gjin 'advance'. As in rider yn geunstige posysje leit, wurdt er by sa'n falpartij talitten ta de folgjende ronde. Dat wie yn it gefal fan De Laat net sa neffens de sjuery.
Itzhak de Laat nei syn falpartij © ANP
It goud op de 1.500 meter wie foar de Súd-Koreäan Daeheon Hwang. Steven Dubois (Kanada) pakte it brûns, flak foar de Rus Semen Elistratov.

Schulting ienfâldich troch

Op de 1.000 meter by de froulju liet Suzanne Schulting har net ferrasse yn de heats. De titelferdigener wûn har rit yn in olympysk rekôr en pleatste har dêrmei foar de kwartfinale. Dy wurdt freed ferriden.
Suzanne Schulting nei har 1.000 meter © Orange Pictures
Op de relay pleatsten de Nederlânske froulju har foar de finale. Schulting ried de relay mei Selma Poutsma, Xandra Velzeboer en Yara van Kerkhof. Nederlân is de grutte favoryt. En nei't Italië yn de heale finale ûnderút gie, wie der hielendal gjin gefaar mear. Nederlân en Sina wienen dúdlik te sterk foar Poalen en koenen komfortabel de race útride.
Reserve Rianne de Vries kaam net op it iis.

Earste olympyske finale

It is foar it earst dat de Nederlânske frouljusrelayploech in olympyske finale hellet. Fjouwer jier lyn ried Nederlân yn de B-finale. Dat smiet doe noch wol brûns op, nei't Kanada en Sina yn de A-finale diskwalifisearre waarden.
De ferromming wie op de gesichten te lêzen fan de froulju. "Al twee maanden weten we dat dit dé rit gaat zijn", sei Schulting nei ôfrin. "Dat we nu de finale halen, is een enorme ontlading. We zijn zó blij, dat wil je niet weten."
De relayfinale is snein om 12.44 oere.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.