Fraksjefoarsitter fan ChristenUnie yn Smellingerlân Jouke de Jong ferstoarn

Jouke de Jong, fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie yn Smellingerlân, is ferstoarn. Hy is 46 jier wurden. Yn april ferline jier krige hy de diagnoaze kanker, wat net mear te behanneljen wie.
Jouke de Jong © ChristenUnie Smellingerlân
Hy begûn yn 2014 as riedslid. Yn 2017 waard De Jong wethâlder nei it ôftreden fan partijgenoat Marja Krans. Nei de ferkiezingen fan 2018 waard er fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie yn de gemeenteried fan Smellingerlân.
De Jong wie in wurdearre kollega. Hy stie bekend as ien dy't problemen en knyppunten helder analysearre en ûnder wurden brocht. Dêrby wie er altyd respektfol en op syk nei ferbining.

Ynspirearjend

Listlûker Sebastiaan Roelofs is fertrietlik. "We waren erop voorbereid dat dit moment ging komen, maar het blijft een enorm verlies. We leven in de eerste plaats intens mee met zijn vrouw en kinderen bij dit grote verlies. Ook als partij gaan we Jouke heel erg missen. Zijn liefde voor de politiek én samenleving was inspirerend en zijn doorzettingsvermogen een voorbeeld voor ons allemaal."
Klaas van Veelen fan ChristenUnie Smellingerlân oer De Jong
De Jong is tiisdeitejûn yn 'e gemeenteried fan Smellingerlân betocht troch boargemaster Jan Rijpstra. Alle kampanje-aktiviteiten fan de ChristenUnie yn Smellingerlân foar de gemeenteriedsferkiezingen fan maart, lizze foarearst stil.
Jouke de Jong wie ek eigener fan in tal apoteken yn Drachten en op 'e Gordyk en siet yn it bestjoer fan de Fryske apotekersferiening.