De toan fan Froukje Sijtsma: "In Hallum zit je gebakken"

"Op gjin inkeld plak yn Fryslân rûkt it sa lekker as yn it doarp fan myn jeugd. Moarns ier en betiid, wylst hast it hiele doarp noch op ien ear lei, waard der by de twa banketbakkers en by de beskút-, toast- en koekfabriken al omraak bakt.
De swiete lucht fan krekt bakte bôle en koekjes is ûnûntkomber ferbûn oan myn bernejierren yn Hallum, it doarp dat hast de hiele wrâld foarsjocht fan wat lekkers by de kofje en tee en in hearlik hapke by de buorrel. De smaak fan de lytse spekulaaskes, dy't ik by it skriuwen fan dizze kollum by de tee haw, bringt my werom nei de tiid fan myn jeugd.
Al hast tweintich jier wenje ik der net mear, dochs fiel ik my noch altyd wol in bytsje in Hallumer Koekefretter. Al is it mar om't ik sljocht op koekjes bin. Wy koenen der yn it doarp ek net om hinne.
As myn suskes en ik moarns nei skoalle rûnen, kaam de swiete rook ús faak al temjitte. De fabriken stienen op ferskate plakken yn it doarp, ek ientsje by it Spoekepaad, dêr't wy del moasten op wei nei skoalle ta.
Op fêste dagen yn de wike stienen der kontêners mei koeken en oar bakkersôffal oan de dyk. Fan ús mem mochten wy dêr perfoarst net yn omklauwe. De koekjes seagen der miskien wol hearlik út, ús mem drukte ús op it hert dat it net foar neat yn de jiske-amers bedarre wie.
Dochs wienen der altyd wol skoalbern dy't moarns by de kliko's noch efkes wat lekkers by inoar skarrelen foar it skoalleskoft. En sels dienen wy it ek wol hear. Wy wisten dondersgoed dat der altyd op woansdeis in hiele bak mei hurdwurden test-sûkelarje lei. Dêr brieken wy altyd stikem in grouwe brok ôf en makken der dan thús lekkere poeiermolke fan.
Soms as ik spesifike koekjes rûk, sjoch of priuw, tink ik werom oan myn jeugd yn Hallum. Dat prinsipe wurdt ek beskreaun troch de Frânske skriuwer Marcel Proust yn syn masterwurk 'A la recherche du temps perdu', of sa't it boek yn de Nederlânske oersetting hjit: 'Op zoek naar de verloren tijd'. Proust besiket in byld fan syn ferline te sketsen, en it docht bliken dat er syn ûnthâld oansette kin troch in spesifyk koekje te iten, dat er yn syn bernetiid altyd krige fan syn âldmuoike.
Alle kearen as er in 'petit madeleine', in lyts cakeje, yn syn bloesemtee doopt en opyt, komt er werom by syn aventoeren, gedachten en gefoelens fan eartiids. Syn sintugen helje de ferhalen fan froeger nei boppen.
Ik nim in hapke fan de lytse spekulaaspopkes en tink mysels werom nei groep 5. Myn klasgenoatsjes en ik mochten in nij soarte fan koekje keure. In meiwurker fan koekfabryk Hellema kaam mei in doaze fol spekulaassmileys de klasse yn. Yn myn belevenis hie hy in wyt bakkerspak oan en in wyt mûtske op, mar mooglik makket de smoute ferhaleferteller yn my der ek wol in romantysker byld fan.
Hoe dan ek, wy mochten ús as sjueryleden bûge oer de koekjes. Hoe tochten wy oer de smaak en de namme? Fûnen wy de gesichtsjes op de koekjes fleurich genôch? En wat wie ús miening oer de reade ferpakking en de minypûdsjes?
Koekjes binne de kaai nei de ferhalen fan myn jeugd, mar dat jildt fansels net foar eltsenien. Foar myn freondinne dy't opgroeide yn it Grinzer doarp Hoogkerk, is dat de lucht fan de sûkerbitekampanje. Sels moast ik altyd kokke fan de lucht, dy't wy soms sels yn de kolleezjesealen yn de stêd Grins rûke koenen.
Mar foar myn freondinne is it in fertroud aroma en fielt it as thúskommen yn de hjersttiid. En soks giet grif ek op foar de lucht fan farske fisk foar minsken dy't wenje oan see, it rûken fan stookte krûdebitter as je neist de destillearderij fan Sonnema, Bokma of Boomsma wenje, of de swiete lucht fan snobbersguod ast opgroeist yn de buert fan in drop-, pipermunt- of snoepfabryk.
De reklameleus 'Je bent pas thuis, waar je Douwe Egberts drinkt', giet miskien noch wol it measte op foar de Jousters, dy't witte dat se thús binne as se de aroma fan farsk baarnde kofjebeannen rûke.
En sa is grif ek it doarpsmotto fan de Hallumers ta stân kaam: In Hallum zit je gebakken. In moaie siswize, dy't in hiele oare betsjutting krige as de ovens yn it doarp krekt efkes te hurd oan stien hienen en de rook fan oanbaarnde koekjes him troch it doarp fersprate."