Operaasje Fryske Flagge: Hans Bosman, in Snitser yn Australië

Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Hans Bosma, in Snitser yn Melbourne.
© Omrop Fryslân
Hans Bosma is in echte Snitser, mar it 'wrâldreizgersbloed' streamt by him en al syn famyljeleden troch de ieren. No wennet er yn Australië, mar it ferhaal begûn op in oar kontinint: yn Súd-Afrika, dêr't syn omke wenne. Bosma: "Doe't myn broer en ik in moanne frij hiene, nei de mts, giene we mei de krystdagen nei famylje yn Afrika."

Alle twa wiken ynbrutsen

Mei in auto by de kust del, op syk nei campings, kamen se in groepke famkes tsjin. Ien dêrfan, Karin, is yntusken syn frou. Werom yn Nederlân moast er yn tsjinst, mar Karin en hy skreaune alle wykeinen brieven. "We binne oardel jier oan it skriuwen west." Doe't syn tsjinst foarby wie, koe Bosma net fluch genôch wurk krije. Doe kaam der mei in oar plan: werom gean nei Súd-Afrika.
Hans en Karin binne yntusken 31 jier troud. Se ha tegearre twa dochters. De earste trettjin jier fan harren houlik wennen se yn Johannesburg. "We wiene it iennichste hûs yn de strjitte sûnder in stek fan 3 meter. Op it stuit waard der alle twa wiken ynbrutsen. We krigen der skjin ús nocht fan." Doe't de bern mei skoalle úteinsette soene, naam de famylje it beslút om nei Australië te gean, dêr't Bosma wolris foar syn wurk nei ta moast.

Skûtsjesilen

No wenje se op sa'n 20 kilometer fan it sintrum fan Melbourne. En dat is aardich ticht by it sintrum, seit Bosma, want de wrâldstêd hat in straal fan 50 kilometer. Boppedat leit de baai fan Melbourne op 10 kilometer fan harren hús. Dat is in boppeslach, foar immen dy't út Snits komt en in leafhawwer is fan wettersport.
"Mei it skûtsjesilen lis ik der plat foar", seit Bosma. Hy folget it Fryske nijs en al syn famyljeleden hawwe al op besite west yn Australië. "De lêste kear dat ik werom wie yn Fryslân, wie 5, 6 jier lyn. Ik tink net dat we weromgeane nei Fryslân om te wenjen, mar wis wol foar fakânsjes en besites."
Hans Bosma út Melbourne wei
Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse.