Liveblog | 9 febrewaris

Coronanijs 9 febrewaris: Flater yn RIVM-sifers | Hoareka bliid mei ferrommingen

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Boarnen yn Den Haag melde: hoareka langer iepen;
  • Mearderheid Twadde Keamer wol gjin 2G-maatskippij;
  • 'Net folle animo by Fryske nachthoareka foar iepenstelling út protest';
  • GGD Fryslân iepenet yn Harns njoggende Fryske testlokaasje;
  • Skoalreiske Rome: noch acht besmettingen, trije wer better.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Bywurke: 9 febrewaris, 22:40
woansdei 9 febrewaris
22:40

Ein fan dit liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
21:00

Gruttere kâns op hertklachten nei corona

In part fan de minsken dy't opknapt liket fan corona, hat nei de ynfeksje in heger risiko op hert- en faatsykten, sa skriuwt RTL Nieuws. Neffens ynternasjonale wittenskippers fan ûnder oare de Washington University School of Medicine soe de wrâld taret wêze moatte op in tanimming fan minsken mei hertklachten. Minsken soene nei in ynfeksje 63 persint mear kâns op in hertynfarkt, 84 persint mear kâns op in ritmefersteuring en 72 persint mear kâns op hertfalen hawwe as minsken sûnder corona.
20:00

Veiligheidsberaad warskôget nachthoareka

Nettsjinsteande de plysje-aksjes kin der takom wykein hanthavene wurde op de coronaregels yn de nachthoareka, seit Hubert Bruls as foarsitter fan it Veiligheidsberaad.
Nachthoareka yn it lân binne fan doel om nei 22.00 oeren de doarren te iepenjen as protest tsjin de coronamaatregels. Tagelyk fiert de plysje lanlik aksje. Dochs hawwe gemeenten ferskate mooglikheden om de regels te hanthavenjen, seit Bruls. Ek bliuwt de plysje in bysûndere ferantwurdlikens hâlden.
19:21

3.839 nije coronabesmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 3.839 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Earder op de dei wie der sprake fan 5.196 besmettingen, mar it die bliken dat dit sifer ferkeard wie om't der registraasjes fan tiisdei op 'e nij meinaam wiene.
Der binne acht Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Ljouwert (2), Achtkarspelen, Hearrenfean, Noardeast-Fryslân, Súdwest-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf.
16:37

Organisaasje foar soarchpersoniel fertrout op coronaberekkeningen kabinet

Beropsorganisaasje foar ferpleechkundigen en fersoargjenden NU '91 fertrout derop dat it kabinet goed neitinkt oer de gefolgen fan it ferromjen fan de coronamaatregels. It kabinet bepraat op it stuit in tal ferrommingen. Op de list stean langere iepeningstiden foar de hoareka en it ferfallen fan de oardelmeterregel yn kafees en restaurants. Dêrtroch wurdt it risiko grutter op mear coronapasjinten yn sikehuzen.
NU '91 tinkt dat it kabinet ferwachtet dat it hichtepunt tichtby is. De beropsorganisaasje fertrout derop dat berekkene is dat it tal coronabesmettingen troch de ferrommingen net sa bot oprinne sil dat de soarch noch fierder yn problemen komt.
16:04

'Nachthoareka liket net op grutte skaal iepen te gean yn Fryslân'

De animo fan de nachthoareka yn Fryslân om út protest iepen te gean, liket net hiel grut te wêzen. Dat seit ferslachjouwer Hayo Bootsma fan Omrop Fryslân nei in belrûntsje troch de provinsje.
De nachthoareka wol de relaasje mei de gemeente net op it spul sette en ek gjin boetes riskearje.
© Shutterstock
Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer nachthoareka
15:30

Teäters litte coronamaatregels noch net los

Tëaters yn Nederlân hâlde harren takom wykein noch oan de coronaregels. Sy folgje net it foarbyld fan de nachtklups dy't de maatregels oerboard smite. Dat litte ferskate ynstânsjes witte oan it ANP. Der is ûnder oare belle mei keninklik teäter Carré yn Amsterdam.
De sektor wol earst de parsekonferinsje fan oare wike tiisdei ôfwachtsje. Op 15 febrewaris sil it kabinet nei alle gedachten nije ferrommingen foar de kultuersektor oankundigje.
Wat de teäters no faak dogge, is earder begjinne. Dan binne se op de ferplichte slutingstijd fan 22:00 oere klear.
15:16

Mearderheid Twadde Keamer wol gjin 2G-maatskippij

It wetsfoarstel fan it kabinet foar in 2G-systeem, wêrby't allinnich minsken mei in coronafaksin of noch net sa lang ferlyn wer better wurden binne fan covid tagong krije ta bepaalde plakken, moat fan tafel. Dat fynt in mearderheid fan de Twadde Keamer.
Hast de hiele opposysje en koälysjepartij ChristenUnie wiene al tsjin it foarstel. De PvdA twivele noch. De sosjaaldemokraten binne no ek om, sa lit Attje Kuiken witte. Tongersdei wurdt haadlik oer de moasje fan de SGP en Keamerlid Pieter Omtzigt stimd. Dy giet dus oer it ynlûken fan it wetsfoarstel.
14:47

Ferromming slutingstiid feroaret neat foar nachthoareka, aksje giet troch

De nachthoareka giet sneon troch mei de protestiepening. Der is net oerwage de aksje ôf te blazen no't der ferrommingen lykje oan te kommen. As de slutingstiid foar de hoareka fan 22.00 oere nei 24.00 oere opskoot, makket dat foar de nachthoareka neat út. It is net genôch. Wy wolle mei klam sizze dat de nacht by it libben heart, sa seit in wurdfierster fan it protestinisjatyf 'De nacht staat op'.
De doarren gean sneontejûn om 22.00 oere iepen, sa is it doel. Yn ferskate stêden dogge tsientallen nachtklups, feestlokaasjes en poppoadia mei oan de aksje. Yn prinsipe wolle se iepenbliuwe oant de tiid dêr't se gewoanwei in fergunning foar hawwe. Se freegje fan de besikers wol in QR-koade en in entreekaartsje
14:32

Leechste tal coronapasjinten op ic's sûnt ein oktober

It tal coronapasjinten op de intensive cares fan Nederlânske sikehuzen is woansdei mei 20 sakke oant 206. Dat is it leechste tal sûnt 28 oktober, neffens de nijste sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
Der lizze no 1531 minsken mei corona yn Nederlânske sikehuzen. Tiisdei wiene it noch 49 mear. Op de ferpleechôfdielingen lizze 1325 covidpasjinten, tsjin tiisdei 29 mear.
Ofrûne 24 oeren waarden 181 nije coronapasjinten op de ferpleechôfdielingen binnenbrocht. Foar de ic's gie it om achttjin nije opnamen. Tiisdei wiene it noch 48 nije opnames.
14:11

Kuipers 'foarsichtich optimistysk' oer coronasifers

Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens wol noch net foarútrinne op wat der allegearre mooglik is kwa ferromming fan de coronamaatregels. De ekstra ministerried prate woansdei oer de prosedueres, net oar konkrete saken lykas langere iepeningstiden foar de hoareka, mear mooglikheden foar festivals en it ynlûken fan it thúswurkadvys. Oft dat der allegearre komt, hinget ek ôf fan it advys fan it OMT, seit Kuipers.
De minister is wol 'foarsichtich optimistysk' oer de coronasifers. Der binne in hiel soad besmettingen, mar de druk op de soarch falt yn ferhâlding ta, sa seit er. Dêrom is de mooglikheid ta ferromming fan de coronaregels eat dêr't se perfoast nei sjen wolle.
13:58

"It soe moai wêze as we wat mear kinne oant tolve oere"

"Posityf nijs", seit Ton Eijer fan de Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Ljouwert oer te ferwachtsjen ferrommingen. "It soe moai wêze as we wat mear kinne oant tolve oere."
Eijer wol wol fan it coronatagongsbewiis ôf: "In soad minsken hawwe de petysje tekene om dat ôf te skaffen. We fine it net mear passen yn dizze tiid. Oare lannen om ús hinne litte de regels ek los. We wolle gjin plysjeman wêze, mar in gasthear."
12:44

Yn karantêne op skoalreis yn Rome

Trije fan de alve learlingen fan kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert dy't yn Rome besmet rekke binne, binne no coronafrij. Se hoege harren net mear op te sluten yn de hotelkeamer.
Benammen yn it begjin wie it dreech, fertelt Femke Volkers. Nei tsien dagen opsluting is it in ferromming dat se har wer frij bewege kin.
De learlingen moatte njonken de ferplichte karantêne alle dagen in test dwaan. Bliuwt dy negatyf, dan kin de karantêne oprinne ta 21 dagen. Acht learlingen binne noch net better.
12:35

Nije GGD-testlokaasje yn Harns

De GGD Fryslân iepenet kommende moandei de njoggende testlokaasje yn de provinsje. Dy komt yn it MCL Harns. Op it stuit binne der acht plakken dêr't minsken harren yn Fryslân by de GGD teste litte kinne op it coronafirus. Dat kin yn Ljouwert, Drachten, Drylts, Kollum, Easterwâlde, Dokkum, Sondel en op It Hearrenfean.
11:53

Snein protest tsjin coronaregels yn Den Haag

Yn Den Haag is snein in demonstraasje fan protestgroep Nederland in Verzet. De gemeente meldt dat de manifestaasje oanmeld is. It begjint om ien oere middeis op it Malieveld. De rûte giet ûnder oare by de Hofviver by it Binnenhof del.
Ofrûne snein wie der in ferlykber protest yn Rotterdam. Dêr diene tûzenen betogers oan mei.
11:18

'Hoareka langer iepen, thúswurkadvys ferfalt'

It kabinet ferrommet de iepeningstiid foar de hoareka, neffens boarnen yn Den Haag. No moatte kafee's en restaurants noch om 22:00 oere ticht. Mooglik wurdt dat tolve oere nachts.
Fierder soene de ferplichte oardel meter ôfstân yn de hoareka en it thúswurkadvys ek komme te ferfallen. Datselde jildt foar it advys om op syn heechst fjouwer besikers thús oer de flier te hawwen.
Oare wike tiisdei is der wer in parsekonferinsje. Dizze kear allinnich mei minister Kuipers.
09:57

Measte wurknimmers wer faker nei wurkplak, net altyd mei mûlkapke

Ien op de trije wurknimmers op lokaasje bliuwde ein ferline jier net altyd thús by mylde coronaklachten. Dat docht bliken út ûndersyk fan TNO.
Hast seis op de tsien slagge it ek net om oardel meter ôfstân oan te hâlden ta begelyks klanten of kollega's. By it ôfstân hâlde ta kollega's slagge dat better. Ien op de fjouwer koe de 1,5 meter oanhâlde. Fierders hiene hieltyd minder wurknimmers mûlkapkes op. In 15 prosint wie benaud om op it wurk in coronabesmetting op te rinnen.
Yn in soad beroppen lykas bygelyks yn de bou of de soarch is it lang net altyd mooglik om thús te wurkjen.
07:26

Plysje treedt net op by protestiepening nachthoareka

De plysje treedt kommende freedtenacht oant en mei moandeitemoarn net op as hoareka-ynstellingen yn striid mei de coronamaatregels iepenbliuwe. De plysjebûnen ACP, ANPV, Equipe en NPB roppe alteast har leden op net yn te gripen, as ûnderdiel fan harren aksje foar in bettere cao. Foar sneon stiet 'De Nacht staat op' pland, in aksje fan nachthoareka dy't de doarren iepenje út protest tsjin de coronamaatregels.
De bûnen roppe woansdei har leden ek op kommend wykein sa passyf mooglik tafersjoch te hâlden op it útgeanspublyk. Gemeentlike boa's wurde oproppen har solidêr te ferklearjen mei de protestaksje fan de plysje.
De bûnen wolle dat plysjemeiwurkers har dit wykein benammen dwaande hâlde mei "primaire politietaken als noodhulp en dienstverlening aan burgers". As sprake is fan kalamiteiten yn hoarekagelegenheden wurde plysjes dus wol achte op te treden, sizze de bûnen.
tiisdei 8 febrewaris
07:15

CBS: troch corona mear bestegingen oan hûs, minder bûtendoar

Corona hat derfoar soarge dat Nederlanners in flink lytser part fan har ynkommen útjûn hawwe. Dat kaam benammen om't we minder bûtendoar útjouwe troch lockdowns, meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) nei oanlieding fan sifers oer it earste coronajier.
It CBS besjocht alle fiif jier hoe't Nederlanners har jild útjouwe en kaam ta de konklúzje dat Nederlanners yn 2020 trijekwart fan harren besteechber ynkommen útjoegen. Fiif jier earder wie dat noch 88 persint. Yn it coronajier besparren minsken benammen op de hoareka, rekreaasje en kultuer, mar ek oan ferfier waard folle minder útjûn.
Dêrtsjinoer stie dat mear jild nei it libben thús gie. Sa kochten minsken mear iten foar thús en ek oan it oanklaaien fan de wenning en húshâldlike apparaten waard folle mear útjûn. Ek gie in soad jild nei ûnderhâld en ferbettering fan de wenning, al telt dat net offisjeel mei foar de bestegingen.
07:00

Goeiemoarn

Wolkom by it liveblog fan woansdei 9 febrewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.