Utstelde soarch yn MCL wurdt ynhelle; wurkdruk nimt ta troch syktefersom

Fan de 14 OK's yn it Ljouwerter sikehûs MCL binne op it stuit wer 12 yn gebrûk. De útstelde soarch wurdt ynhelle, mar troch syktefersom is it dreech om alle roasters rûn te krijen.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
"It is in probleem dêr't de hiele maatskippij mei te krijen hat, dat minsken thúsbliuwe moatte yn karantêne om't in húsgenoat posityf test is", seit Frits Mostert fan it MCL. Neffens him giet it yn it Ljouwerter sikehûs om in syktefersom fan 7, 4 persint, wylst dat gewoanwei 4 persint is.
"Om't der safolle minsken yn karantêne sitte, is it lestich om de roasters syn oarder te krijen. Dat jildt foar alle sikehûzen yn de provinsje", seit Mostert. "Soarch dy't binnen 6 wike dien wurde moat, dat rêde we op. We helje in hiel lyts bytsje yn fan de efterstân. Mear kinne we op it stuit spitigernôch net dwaan."

Coronaôfdieling wer iepen

Yn inkelde gefallen moatte operaasjes ôfsein wurde, mar Mostert ûnderstreket dat it by ynsidinten bliuwt. "Ut en troch is der bygelyks in dokter dy't de operaasje dwaan moat en dy't dan thúsbliuwe moat yn ferbân mei karantêne. Dat is dan hiel spitich foar de meiwurkers en de pasjint. Oant no ta binne dat in pear ynsidinten."
Dat coronafirus hat ús al faker ferrast. We dogge ús bêst om sa goed as mooglik oerein te bliuwen.
Frits Mostert fan it MCL
De coronaôfdieling yn it sikehûs wie sletten, mar ôfrûne moandei is it wer iepen gien. "We ha provinsjaal wat mear coronapasjinten. Oer alle sikehûzen ha we 17 coronapasjinten op de gewoane ferpleechôfdielingen."
Dizze pasjinten wurde behannele mei in apparaat dat ekstra soerstof jaan kin. "Op de coronaôfdieling ha we de ynfrastruktuer wer oanpast", seit Mostert. "It is makliker om de pasjinten op dy ôfdielingen wer op te nimmen."
Op it stuit lizze der 5 pasjinten op de Fryske ic's. Ferline wike wiene it der 7, mar Mostert kin net sizze hoe't it rinne sil yn de sikehûzen. "Dat coronafirus hat ús al faker ferrast. We dogge ús bêst om sa goed as mooglik oerein te bliuwen."

Evenemintesektor wol wer iepen

Yntusken nimt de druk foar mear ferrommingen fan de coronamaatregels dochs wer ta. Sa wolle ek de nachtklups iepen. "Wy hoopje dat it OMT en it regear goede besluten nimt", seit Mostert dêroer. "It is net ús oandiel om it belied te meitsjen, mar we dogge ús bêst om de gefolgen sa goed as mooglik op te fangen."
Frits Mostert fan it Medysk Sintrum Ljouwert