RIVM: 18.807 besmettingen yn Fryslân, heech tal troch ynheljen efterstân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 18.807 nije coronabesmettingen registrearre. It RIVM hie in grutte efterstân yn de ferwurking fan it tal positive testen, mar dy is no yn ien kear ynhelle. Dêrom komt it tal besmettingen heech út. Nei alle gedachten lei de efterstân yn Fryslân op sa'n 15.000 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It RIVM en de GGD hiene al mear as tweintich dagen muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Troch de efterstân skommelen de sifers bot. De RIVM hat dit lykwols tiisdei wer ynhelje kinnen mei help fan technyske oanpassingen yn de datastream.

Trochjaan fan útslaggen

Fan tiisdei ôf wurde positive testútslaggen streekrjocht oan it RIVM trochjûn. Dat jildt ek foar útslaggen fan oare testoanbieders lykas Testen voor Toegang, de sikehuzen en de húsdokters. Tenei wurdt de datum fan de positive testútslach brûkt en net mear de datum fan de melding oan de GGD.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen leit no op 4.125 besmettingen. Moandei lei it op 1.765 besmettingen, in wike lyn op 1.788.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Tytsjerksteradiel.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 394.759. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 117.758.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.