Appelskeaster krijt 240 oeren wurkstraf foar ûntucht mei 17-jierrich famke

In 49-jierrige man út Appelskea is feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren fanwegen it plegen fan ûntuchtige hannelingen mei in 17-jierrich famke, dêr't hy gastâlder fan wie.
Justysje © Shutterstock.com
De man soe ein augustus 2020 mei it famke op de bank lein hawwe, wylst hy seksuele fragen stelde en har ûnseedlik betaaste. Se moast seksuele hannelingen by de man dwaan. De man ûntkent dat, mar de rjochtbank sjocht gjin oanlieding om te twiveljen oan de ferklearring fan it famke.

Om't it by har thús net altiten goed wie, ferbleau it slachtoffer en har twalingsus ien kear yn de moanne in wykein by it húshâlden yn Appelskea. It famke seach de man as in heitefiguer. Nei't it bard wie, fielde se har eangstich en ûnfeilich by oare mannen.

'Op grove wijze' skeind

De rjochtbank seit dat de fertochte it betrouwen fan it famke "op grove wijze" skeind hat. De fertochte seit dat er spyt hat. De rjochtbank giet derfan út dat hy ynsjocht wat de negative ynfloed wie fan syn hannelen. De man hat gjin strafblêd en de reklassearring skat it werhellingsgefaar yn as 'leech'.

Om't der by sedesaken in taakstrafferbod jildt, leit de rjochtbank wol ien dei sel op, plus in selstraf ûnder betingst fan 180 dagen mei in proeftiid fan trije jier. De offisier fan justysje hat fjouwer moanne sel easke, plus fjouwer moanne ûnder betingst.