Skoallekoepel warskôget foar gedrachsproblemen bern troch útfal lessen

Skoallekoepel Proloog hat soargen oer de sosjaal-emosjonele gefolgen fan de útfal yn it ûnderwiis. "Als je ziet dat kinderen in de knel komen, dan voelen wij ons daar ook verantwoordelijk voor", seit Arjette de Pree fan Proloog.
Arjette de Pree, fan skoallekoepel Proloog © Omrop Fryslân
Troch it oprinnende tal coronabesmettingen falle in soad skoaldagen út. Lanlik sit sa'n 23 persint fan de learkrêften thús, jout de Algemene Vereniging Schoolleiders (AVS) oan. By learlingen is dat oandiel sels noch wat heger: 26 persint.

Opjefte

"De nood is behoorlijk groot", seit De Pree, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan skoallekoepel Proloog. Dy hat 23 skoallen yn it noarden fan de provinsje. "Het is al enige tijd aan de gang, maar het wordt er niet beter op. In Grou zitten bijvoorbeeld tien leerkrachten thuis. En dan de leerlingen zelf nog."
It is in grutte opjefte om it ûnderwiis foarinoar te krijen. Dat smyt learefterstannen op. "Dat het lukt om de kinderen op te vangen op school, garandeert nog niet dat er ook goed wordt lesgegeven. Want er moet ook vaak gewerkt worden met invallers of onderwijsassistenten."

Gedrachsproblemen

Mar dy efterstannen binne net it iennige. "We merken ook steeds meer dat kinderen sociaal-emotionele achterstanden oplopen. Dat vertaalt zich in gedragsproblemen op school. Dat is iets wat je niet wil. Kinderen hebben baat bij andere kinderen, baat bij de structuur van school."
Direkteur Arjette de Pree fan Proloog
Dan wer sitte bern thús, dan wer op skoalle, dan wer mei in oare master of juf. "Het draagt allemaal niet bij tot een goede ononderbroken ontwikkeling van kinderen", seit De Pree. Dy pedagogyske kant moat neffens har net ûnderskat wurde.
© Omrop Fryslân
"Een leerkracht moet de lesstof overdragen, maar heeft ook een belangrijke taak in de opvoeding van kinderen. Als kinderen er steeds niet zijn, dan is dat wel een opgave", jout de direkteur ta.

Jeugdzorg en Jeugdhulp ynskeakelje

Net alle bern hawwe it thús like maklik, konstatearret sy. "Er zijn kinderen die het thuis gewoon minder hebben dan andere kinderen. Als er thuis veel stress is, omdat ouders bijvoorbeeld ook beiden thuis moeten werken, dan kan het soms leiden tot ongewenste situaties. Kinderen maken ruzies en conflicten mee."
Yn ien situaasje hat Proloog Jeugdzorg ynskeakele. "Dat is op één van onze scholen gebeurd. Als wij zelf geen hulp kunnen bieden, dan moeten we ervoor zorgen dat er iemand ingeschakeld wordt die dat wel kan doen. We gaan overleggen met Jeugdzorg- en hulp of we vaker een beroep op hen kunnen doen als dat nodig is. Wij willen voor de kinderen het beste."