Kroegen yn Drachten ticht: eigeners ferbjustere oer driging mei twangsom

Ferskate kafees yn Drachten slute fuortendaalks de doarren. Sy krigen in oantekene brief fan de gemeente mei in lêste warskôging: as der nochris in oertrêding fan coronaregels konstatearre wurdt, folget in twangsom fan 10.000 euro.
Ferskate kafees yn Drachten giene fuort ticht:
Gerwin Dokter is poer. Hy is eigener fan kafee Het Raadhuys yn Drachten. "Ik iepenje net om't ik it net sitten sjoch mei de driging fan in twangsom fan 10.000 euro op 'e nekke", seit Dokter, "Dat slacht nearne op. It is net yn proporsje, krekt as is it in heale misdied. Wy kinne 10.000 euro net efkes op it kleed lizze."

Meardere kroegen

Het Raadhuys is net de iennige. Sa geane ek kafee Tsjoch en kafee-bar 't Skûtsje ticht. Guon kroegen krigen undercover-kontrôlen op de earste dei dat sy wer iepen mochten oant 22.00 oere.
In ûndernimmer seit: "Ik stean mei hertkloppings efter de toanbank. Aanst komme sy anonym kontrolearjen en sjoch ik krekt wat oer de holle, dan sit ik opskipe mei in twangsom fan 10.000 euro. Dat kin ik gewoan net betelje."
It is in bytsje sykje om in oertrêding.
Gerwin Dokter fan kafee Het Raadhuys
Neffens Gerwin Dokter hawwe de hanthaveners by him net binnen west. Sy soene troch de ramen sjoen hawwe. "It is in bytsje sykje om in oertrêding." Hy fynt de maatregel fan de gemeente 'brút.' Hy hat besletten de saak ticht te hâlden oan't de coronamaatregels der folslein ôf geane. "Earder iepen doar ik net. Net mei dy twangsom."
Eigener Gerwin Dokter fan kafee Het Raadhuys yn Drachten © Omrop Fryslân
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân hat begryp, mar is ek strang: "Als je zo lang dicht bent en je hebt je laatste centen moeten investeren, dan begrijp ik dat je zo snel mogelijk alles weer wilt. Maar men weet wat de afspraken zijn en men weet ook dat het allemaal niet in één keer kan. Dus daar moet je je ook aan houden."

Bedrigingen en haatberjochten

Dochs fine ûndernimmers dat de gemeente de emosjonele kant ferjit. In ûndernimmer seit: "Ik krij bedrigingen en haatberjochten fan fêste gasten fanwegen de QR-koaden, kin amper rûnkomme en dan moat ik no ek noch bang wêze foar anonime kontrôlen mei in mooglike boete fan 10.000 euro. Dat is net fol te hâlden."
De boargemaster seit yn reaksje: "Laat ik voorop stellen dat ik vaste klanten die haatmails en dreigingen sturen, niet in mijn zaak zou willen hebben. Die mensen moeten ook weten dat de horeca dat moet doen wat is afgesproken. Als een vaste klant dan om half elf zegt dat 'ie een biertje moet hebben, dan heeft die vaste klant daar niks over te zeggen."
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
De brief mei de lêst ûnder twangsom neamt Rijpstra in 'allerlaatste middel', dat net samar ôfjûn wurdt. Hy seit: "Wij moeten handhaven, dat is gewoon heel simpel. Als wij wat constateren, spreken we de mensen aan."
As it net helpt, folget der in warskôgingsbrief. "En eventueel een tweede. Maar uiteindelijk kunnen we niets anders dan zeggen: als je je hier niet aan houdt, dan leggen we een boete op. Dan zal die boete fors zijn, om de ernst aan te geven."
Wij moeten handhaven, dat is gewoon heel simpel.
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân
Dokter is fernuvere as er dat heart: "Der hat net in petear of warskôging west. Ik bin lilk dat it op dizze wize moat." Dochs docht it bliken dat der meardere registraasjes by de gemeente bekend binne. Sa is der melding dien fan seis minsken dy't oanwêzich wiene yn de kroech, jout de gemeente telefoanysk oan by Dokter.

Opheldering

Dokter syn eagen wurde grut fan fernuvering: "Op dat momint hiene wy in wurkoerlis. Wêrom is der gjinien nei binnenkaam om dat te freegjen?" Dokter seit dat der net oer kommunisearre is: "Hoe kin ik beswier meitsje as ik dit net te hearren krij?"
It is ien kear ferkeard gien, jout Dokter wol ta. "Ferline wike sneon wiene der nei 22.00 oere noch in pear minsken binnendoar. Dat kin ik net ûntkenne. Mar je witte hoe't soks giet yn in kroech. Minsken moatte noch betelje en sy moatte der noch út, soks duorret efkes."
Kafee Het Raadhuys yn Drachten © Omrop Fryslân
Rijpstra ûntkent dat it hoarekaprotest fan 15 jannewaris in grutte rol spile, doe't kafees yn it hiele lân de doarren út protest iepenen. "Wij krijgen dagelijks meldingen door. Het is een opeenstapeling van feiten. Het gaat om constatering bij herhaling."
Undernimmers jouwe oan de gemeente wantrouwich te finen. Op de earste dei dat de kafees wer iepen mochten oant 22.00 oere, soe der anonym kontrolearre wêze. "Dat vind ik een beetje boter op het hoofd hebben", seit Rijpstra.
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân
Rijpstra: "Ik begrijp best dat ze zeggen: wij letten overal op, maar we hebben ook stamgasten die het vertikken om een mondkapje op te doen. Ik snap het dat men zegt: wij zijn geen politieagent. Aan de andere kant hebben we afgesproken dit te doen. Ik kan niet zeggen: doe maar, we kijken wel waar het schip strandt."

"Ik kin de eagen hjir net foar slute"

Neffens de boargemaster giet it yn it grutste part fan de gemeente goed. "Voor ondernemers is het wel lastig, dat realiseer ik mij ook. We proberen ze te helpen. Voor de QR-controle is extra geld beschikbaar. Maar het is ook aan de ondernemer zelf om aan zijn klanten te controleren. Dat gaat niet alleen om de sluitingstijden, maar ook om de coronaregels. Daar kan ik niet mijn ogen voor sluiten."
Boargemaster Rijpstra hat tiisdei in gearkomste yn it gemeentehûs opset. "Ik wil graag met de ondernemers van gedachten wisselen op het gemeentehuis. Ik wil de handhaving vragen om toelichting te geven, Koninklijke Horeca Nederland zal er waarschijnlijk ook bij zijn. We moeten het met elkaar doen."