Tiisdei yn Peking: gjin Friezen, wol spektakel ferwachte op keningsnûmer manlju

Op de fjirde dei fan it reedrydtoernoai op de Olympyske Spelen yn Peking komme foar it earst gjin Friezen yn aksje, mar it spektakel is der mei de 1.500 meter foar manlju net minder om.
© Orange Pictures
Wat kin Kjeld Nuis bygelyks? De berne Leidenaar is titelferdigener op de 1.500 meter, mar wûn dit jier noch mar ien ynternasjonale wedstriid op de 1.500 meter. Allinnich op it EK ôfstannen wie er de fluchste. Dêr stie de favoryt út Sina, Ning Zhongyan, fansels net oan de start.
Ek Thomas Krol docht mei om de titel. Hy debutearret op de Olympyske Spelen en is de regearjend wrâldkampioen op dizze ôfstân. Mei Nuis en Ning foarmet hy neffens de bookmakers de top trije op it keningsnûmer.
De 1.500 meter foar manlju is tiisdei fan 11.30 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio mei kommentaar fan sportferslachjouwer Andor Faber.
Wa't net heech op de listsjes stiet, is Marcel Bosker. De allrounder waard troch de KNSB tegearre mei Sven Kramer oanwiisd om't se neffens it bûn fan grutte wearde binne foar de ploege-efterfolging. Dat gie op kosten fan Dai Dai N'tab en Tijmen Snel.

Bosker wol him bewize

Bosker sil bewize wolle dat er ek op in yndividuele ôfstân wat te sykjen hat op de Spelen.
Ek yn de snie is der tiisdei Nederlânske ynbring: Michelle Dekker docht op har snowboard mei oan de parallelreuzeslalom. Dat begjint om 3.40 oere nachts. De eventuele kwart-, heale finale en finale binne fan 07.30 oere ôf.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.