Joost van Aken komt werom by sc Hearrenfean

Fuotballer Joost van Aken komt werom by sc Hearrenfean. De earedivzjonist hat de sintrale ferdigener fêstlein oant de ein fan dit seizoen.
Joost van Aken © @scHeerenveen
Van Aken spile earder ek al sân jier yn Fryslân, oant er yn 2017 nei Sheffield Wednesday gie.
Yn totaal spile Van Aken 94 wedstriden yn it pompeblêdeshirt. Nei fjouwer seizoenen yn it earste alvetal gie er dus nei Ingelân. Dêr spile er fjouwer seizoenen, mei in tuskentiids ferhier oan VfL Osnabrück. It ôfrûne healjier spile Van Aken by Zulte Waregem.
"Het geeft een heel speciaal gevoel om terug te keren bij sc Heerenveen. Ik ben heel blij met de kans die de club mij biedt. Ik hoop de selectie met mijn ervaring en spel een impuls te geven en zelf tot zoveel mogelijk speelminuten te komen. Ik kijk er heel erg naar uit om het mooie shirt weer te dragen", seit Van Aken.