Siep Hoekstra oandien troch telefoantsje út Peking fan pupil Smeding

De trainer sit thús, de reedrydster yn Sina. Dat is it ferhaal fan reedrydtrainer Siep Hoekstra en syn pupil fan Team Frysk, Ellia Smeding. Smeding dy't in Britske mem en in Fryske heit hat, rydt foar Grut-Brittannië en hat dêrom in Ingelske coach tawiisd krigen.
Trainer Siep Hoekstra moat fan de bank ôf tasjen:
Dat betsjut dat Siep Hoekstra net yn Sina sit, mar de wedstriden thús yn Jorwert op de bank folget. Hy sjocht dat syn pupil de 1.500 meter rydt yn in tiid fan 2.01,09. Dat falt wat ôf, mar alles wurdt goedmakke troch in telefoantsje fan Smeding nei har trainer yn Fryslân. En dat rekket Hoekstra.