Toppenhúster feroardiele foar posten wraakporno fan eks op Tinder

In 32-jierrige man fan Toppehuzen is feroardiele om't er neakenfoto's fan syn eks online set hie op datingplatfoarm Tinder en de chatapp Kik. De man hat in wurkstraf fan 80 oeren krigen.
© Shutterstock.com (Guillem de Balanzo)
Fierder is de man in selstraf fan twa wiken ûnder betingst oplein en moat hy syn eks-partner 750 euro smertejild betelje.
De man joech oan dat er him foardie as syn eks om posityf omtinken te krijen. De man hat in autistyske steuring. Hy joech oan der spyt fan te hawwen. De fertochte hie wol in e-mailadres fan syn eks brûkt. Dêr hie de frou in soad lêst fan, om't sy troch allerhanne manlju benei kaam is.